Foudgum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Foudgum
Flagge fan Foudgum Wapen fan Foudgum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Foudgum
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 80
Webstee
Marijetsjerke anno 2010
De Marijetsjerke
De pastorije fan Foudgum

Foudgum is in terpdoarp yn de gemeente Dongeradiel mei sa'n 80 ynwenners. It hat grutter west mar ek hjir hat de ûntfolking fan it plattelân taslein. De Foudgumer terp (of sa as guon tinke de trije terpen) is oanlein op in âlde kwelderwâl. De namme kin betsjutte: it hiem fan Folle, Foude, de Faldinga's of Foldinga's.

Neffens ûndersiken wurdt der wol tocht dat foar de earste spoaren fan bewenning oan de 9e ieu f. Kr. tocht wurde moat.

De tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De earste tsjerke moat sa om 1200 hinne boud wêze. De tsjerke wie oan Marije wijd. Fan dizze romaanske Marijetsjerke is, útsein in diel fan de eastmuorre fan de toer, neat oerbleaun. Yn 1808 besletten de tsjerkfâden dat der in nije tsjerke komme moast. Dizze is neffens de moade fan dy tiid yn empirestyl boud. Ek oan de toer is it nedige feroare.

Yn de toer hingje twa klokken, in sylinderfoarmige út 1395 en ien út 1732. De lêste is getten troch Jan Nicolaas Derk út Hoarn. It oerwurk is út 1640 en is by de lêste restauraasje yn 1972 wer oan 'e gong brocht en automatisearre. De tsjerke hat in iken preekstoel út de 17e ieu. It kabinetsoargel is om 1775 hinne, nei't er tocht wurdt, troch J.E. Hageman makke. It is it tredde plak wêr't it oargel stiet. Yn 1929 waard it oernaam fan de Frije Evangelyske Gemeente yn Ljouwert.

De romaanske tsjerke mei sealdektoer is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Huzen[bewurkje seksje | edit source]

Alear stie yn Foudgum de Stinstrastate (ek wol Stenstera State). Yn 1417 wurdt Sybeth Stenstera as bewenner neamd; yn 1511 Sybren Stenstera. Syn dochter troude mei Hero fan Burmania. De Burmania's ferkochten it spul yn 1640 wer. De neikommende bewenners neamden har Stinstra. Nei 1640 wurdt Stinstra, útsein ien kear yn de Tegenwoordige Staat net mear neamd. De kadastale kaart fan 1830 lit dêr in pleats sjen, mar sûnder namme.

De foarname slachten wurde noch yn it ûnthâld holden troch de Heemstra- en de Jarlasate. No beide pleatsen.

Neffens de muorre-ankers moat de âlde pastorij, boud mei kleastermoppen, stamme út 1723. De lêste dûmny's wennen yn in nije pastorij.

Piet Paaltjens[bewurkje seksje | edit source]

Tsjin it tsjerkhôf oan stiet 'It Lokaal', de kosterswent en tsjerklik tsjinstgebou. It is noch te sjen dat it boud is as skoalle. No wurdt it ek brûkt as ynformaasjesintrum oer ds. François Haverschmidt dy't hjir in skoft dumny wêst is, better bekend as de skriuwer Piet Paaltjens (Ljouwert, 14 febrewaris 1834 - Schiedam 19 jannewaris 1894) dy't fan 1859-1863 yn de pastorije wenne. Hy kaam oarspronklik fan Ljouwert mar is letter yn Foudgum beneamd as dûmny. Hy waard bekend om syn ferhalen, fersen en foardrachten. François Haverschmidt wie in depressive man dy't him úteinlik yn Schiedam ferhinge hat mei it gerdinekoarde yn'e bedstee. Yn 1994 is der ta gelegenheid fan syn 100e stjerjier in monumintsje makke troch Hille van der Gang. It monumintsje by de tsjerke stelt in iepensleine bibel en in brutsen hert foar: de twa kanten fan dûmny en dichter.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

De Terp, Doekemawei, François Haverschmidtwei, Heemstrawei, Kolkreed, Piet Paaltjenspaad, Pijbemawei.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]