Ealsum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ealsum
Flagge fan Ealsum Wapen fan Ealsum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ealsum
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 160
Webstee Oer Ealsum

Ealsum is in doarp yn de gemeente Dongeradiel mei sa'n 160 ynwenners. Dat hawwe ea sa'n 400 west. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Ealsum diel út fan de gemeente East-Dongeradiel. Ealsum komt as Atlesheim foar yn de Fuldalist fan 945.

Ealsum hat noch wol in aardich grutte himrik, mar dy hat yn 't ferline noch grutter west. Dokkum hie gjin klokslach en de stêdsgrêft wie ek de grins mei Ealsum. Tsjerklik is dat sa bleaun. In tal Dokkumers hearde tsjerklik by Ealsum en oare doarpen. Yn 2005 binne de herfoarme gemeenten fan Dokkum en Ealsum/Wetsens ien wurden. Dêr is it nedige oer praten. De Ealsumers hienen gjin nocht om troch in efterdoar Dokkumers te wurden.

Dokkum hie net sels in stasjon fan de Noord Friesche Lokale Spoorweg; om't it stasjon bûten de stêd lei wie it Ealsum dat in stasjon oan it Spoar fan Ljouwert nei Eanjum hie, oan it Dokkumer Lokaaltsje. Ek de doetiidske kristlike kweekskoalle stie op Ealsumer grûn. Troch de útwreiding fan Dokkum moasten der om de safolle tiid wer grinskorreksjes dien wurde. In grinskorreksje joech faak spul tusken Dokkum en East-Dongeradiel. Der is sels in grinskorreksje net hielendal trochgien, om't de boargemaster fan East-Dongeradiel dan yn Dokkum te wenjen komme soe.

Yn de Twadde Wrâldoarloch binne by Ealsum faak wapens droppe.

De Terp[bewurkje seksje | edit source]

Ofgraving terp Ealsum ±1884

De terp is foar it grutste part ôfgroeven om 1880 hinne. Der binne doe wichtige argeologyske fûnsten dien. Dizze kamen út de 7e ieu krigen ek yn it bûtenlân omtinken.[1] Wat fan de terp oerbleaun is, lit sjen dat it in hege terp west hat. De tsjerke stiet op in hichte fan 5,3 meter.

Gebouwen[bewurkje seksje | edit source]

De Mole[bewurkje seksje | edit source]

Oan de Ealsumer Feart stie sûnt sawat 1750 de houtseachmole 'Eben Haëzer'. Yn de Earste Wrâldoarloch hat der ek noch in mokselpelderij yn sitten. Yn 1927 is de mole sloopt.[2]

De States[bewurkje seksje | edit source]

Ealsum hie twa wichtige states. De Stinstrastate lei yn it buorskip Sibrandabuorren. It wie al yn 1583 in pleats.

Oan de súdkant fan de tsjerke stie Mokkemastate. Dizze state is yn 1492 ferwoaste. De bewenner, Tsjaard Mockema, hearde by de Fetkeapers. De namme wurdt noch yn omtinken holden troch de Dokkumer strjitnamme de Mockamastrjitte en de Mockemawei yn Ealsum sels.

De Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Tsjerke Ealsum

Ealsum hat in romaanske tsjerke út omtrint 1200. Dy wie wijd oan de Hillige Anna. Yn 1843 is de toer ôfbrutsen en it klokhûs op de nije westgevel set. Sa as it der no stiet, is it nei de feroaring fan om 1960 hinne.

Yn it houten tuorke hinget in klok út 1440. Dy is getten troch Jan Butendiic (sjoch Steven Butendiic). Op de klok steane reljefs mei ôfbyldings fan de Hillige Katarina, dy't meast ôfbyld wurdt mei in rêd (sjoch doarpswapen).

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Yn Ealsum is in Feriening foar Doarpsbelangen.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Bekende Ealsumers[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Dokkumerwei - wei nei Dokkum
  • Droppingwei - Dropping fan wappens yn de Twadde Wrâldoarloch
  • Hantumerwei - wei nei it doarp Hantum
  • Tsjaerd Mockemawei - Tsjaard Mockema
  • Stinstrawei - Stinstrastate
  • Sybrandawei - rjochting Sibrandahûs (Dongeradiel). Waard eartiids Aldewei neamd as ûnderskied mei de Dokkumerwei. Ek de namme Sandwech waard oantsjuten op âlde kaarten. Neffens in beskriuwing fan S.E. Wendelaar Bonga yn de útjefte fan 1942 oer Ealsum ald en nij, soe dy ek jilde moatte foar de hjoeddeiske Sybrandawei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De tsjerke
  • Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen. De Monumenten van Geschiedenis en Kunst, 1983. Aalzum
  1. De Vrije Fries, 1886, siden 26-38
  2. Eben Haëzer, Dokkum