Klokhûs
In klokhûs is de wize fan ophingjen fan ien as mear liedklokken. It klokhûs jout de klok romte om te slingerjen. Fral by in ynwindich klokhûs komt dêr by dat it ek de trillings dimpt dy't oars fan de ophinging op it gebou oergean soenen, en op 'e lange doer it gebou stikken trilje soenen.
In protte tsjerken hawwe in ynwindich klokhûs, guon hawwe in los klokhûs, en in inkelden hat in oanhingjend klokhûs.
[bewurkje seksje] Losse klokhuzen
In los klokhûs is ornaris fersjoen fan in dak, mar is fierders iepen foar it waar. In útsûndering is it klokhûs fan Snits, dat allist stiet, mar betimmere is. Lytsere klokhuzen steane faak op in hôf, fral at der gjin tsjerke mear by is. Losse klokhuzen waarden fral boud út ekonomys motyf: in lyts tsjerkje mei in klokhûs is in goedkeapere manier om doarp te wurden as in stiennen tsjerke mei ek wer in klokhûs.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Wikiwurdboek-side - klokhûs.