Langhûs

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rekonstruksje fan in langhûs Wytsingetiid
Frysk langhûs

In langhûs is in lange wente, faaks mei in oantal bygebouwen. Der binne ferskillende typen langhuzen.

[bewurkje seksje] It Fryske langhûs

Yn Fryslân, yn it doarp Warten, stiet it ienichste oerbleaune Frysk langhûs, mei heaberch.

Ien fan de âldst bekende beskriuwings oer it Frysk Langhûs komt út in noch net datearre hânskrift fan om 1850 hinne fan J. H. Halbertsma, it Lexicon Frisicum (A en B).

Halbertsma hat in rûge skematyske tekening makke dy't de "oude boutrant der boerenhuizen" oanjout. De skets "welke het oud-Friesche huis laat zien in zijn drie afdeelingen, elk onder een afzonderlijk en lager dak."

[bewurkje seksje] Irokees longhouse

De kultuer fan de Irokezen wurdt ek wol de Longhouse-kultuer neamd. In longhouse is in langwerpich hûs, makke fan goed oan inoar fêstmakke beamskors. De lingte koe wol mear as 100 meter wêze. It politike en sosjale libben spile him ôf yn dizze longhouses.

[bewurkje seksje] Dayak-longhouse

Ek by de Dayaks, dy't yn'e wâlden fan Borneo ljibbe, binne langhûzen brúklik.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen