Hallum
|
|||||
![]() |
|||||
| Gemeente | Ferwerderadiel | ||||
| Ynwennertal (2009) | 2758 | ||||
| Webstee | [1] | ||||
Hallum hat altyd in wichtich doarp west en is it grutste doarp fan Ferwerderadiel. Yn 1744 wie it ynwennertal 1009. No leit dat om de 2747 hinne (02-06-2008). Dat komt ek om't in protte Hallumers harren wurk earne oars hawwe. De Ljouwerterdyk jout in goede ferbining mei Ljouwert. Op it terrein fan de ferdwûne koek- en banketfabriek fan Hellema komt it plan Hof van Hallum. Yn de eardere mingerij/foarmerij en de direksjewente fan it fabryk sil in bakkerijmuseum anneks teeskinkerij "It Hellemahûs" komme.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Namme
Ien ferklearring kin wêze dat Hallum (yn de âlde stavering Hâllum) betsjut doarp op de hichte. Dat soe dan ôflaat wêze fan it Aldfryske wurdt havilla of hal dat hichte betsjut. In oare ferklearring soe wêze kinne: It hiem fan Halle. Der is ek noch it âlde wurd hal, dat hillich betsjut. Wer in oare ferklearring is dat Hallum eins it hiem fan de goadin Hal, Hel, Holda of Hollier betsjutte soe. Der wurdt troch guon ek oan in oare betsjutting fan hal tocht. Hal, hal of health soe dan hoeke of skûlplak betsjutte kinne.
[bewurkje seksje] It ûntstean fan it doarp
Yn Hallum binne yn 2007 produksjeresten fan in koperslagger fûn. Se komme út de tiid rûn 400. Der sieten twa ringen en in diel fan in knyft by. Boppedat sieten der ek in tal fibula’s en potdiggels by.
It doarp is ûntstien op in hichte op de kwelderwâl tsjin de Waadkust oan. Der wurdt tocht dat it begjin fan Hallum yn de Romeinske tiid lizze sil. Yn 11e ieu waard der in seedyk, no de Hege Hearrewei, oanlein. Hallum kaam sa yndyk te lizzen. Stadichoan is doe it bebouwen begûn. Der kamen sa paden, mei huzen dêroan, nei de tsjerke. Yn in âlde kronyk wurdt Hallum in hofstêd neamd. Dat wol sizze in wichtige parochje. Letter waard der ek bûten de terp boud. Foaral by de feart kaam der letter bebouwing.
[bewurkje seksje] De Hallumer Trekfeart
It doarp waard ûntsletten troch de Hallumer Mear nei Bartlehiem. 'Mear' betsjut grinsskieding. Yn 1648 waard der in jaachpaad neist de feart oanlein. No wurde der huzen, yn it plan 'Oer de Feart', boud. Boatsjeminsken hawwe sa harren boat foar de doar lizzen. Der wurdt tocht dat de Hallumer Feart sa ek brûkt wurde kin foar de rekreaasje.
[bewurkje seksje] Yndustry
Om 1800 hinne wurde der 8 sûkereifabriken neamd. Hallum wurdt no ek wol it bakkersdoarp neamd. Der stiet in banketfabryk en in fabryk, dêr't bakken makke wurde. Fierders is der noch in metaalfabryk, dat begûn is as ûnderstypjend foar de suvelfabriken.
[bewurkje seksje] De States
Om Hallum hinne leinen alear in protte staten. De wichtichste wie Goslingastate. Dy wie 2½ bunder grut. Nei de Goslinga's is it oergien nei de Roorda's. Dy waarden wer opfolge troch de Burmania's. Yn 'e rin fan de tiid is der in pleats foar yn 't plak kommen.
In oare state wie Sytsjemastate. Dy wurdt yn 1307 al neamd as wenplak fan Oene Sytsjema, grytman fan Ferwerderadiel. Letter binne dêr de Burmania's kommen. Sytsjemastate is yn 1798 ôfbrutsen. De stiennen waarden brûkt om de Waltastate yn Boazum dy't net rjochtlik ôfbrutsen wie, op 'e nij te bouwen. Tsjin Hijum oan lei Ondersmastate, better bekend as it Hûs fan Berou. Yn de 16e ieu is dêr in nije state boud. Yn 1800 wie dy al wer ôfbrutsen. Dan wienen der noch Feitsmastate en Jayemastate. Op Jajemastate hat Schelte Jajema wenne. Hy is yn 1228 omkommen yn in gefjocht. De nammen fan de staten wurde yn ‘t ûnthâld holden troch strjitnammen.
[bewurkje seksje] Tsjerken
[bewurkje seksje] De kleasters
Under Hallum foelen twa kleasters. De ferneamde abdij Mariëngaarde en it nonnekleaster Genezareth, ek wol Nazareth neamd.
[bewurkje seksje] De Herfoarme Tsjerke
De tsjerke is tawijd oan Sint Maarten. Neffens de libbensbeskriuwing fan Freark fan Hallum moat op it plak earder in tsjerke stien hawwe. Deryn wurdt ek beskreaun dat de pommeranten fan Hallum rûzje hienen. Dat moast útfochten wurde. In part flechte de tsjerke yn. De oaren wisten dêr wol rie op en stieken de tsjerke yn 'e brân. It âldste stik is de oanbou oan de noardkant. Letter hat dêr, nei't der wol tocht wurdt, it alter fan de fikarus, kapelaan, stien. Op dy oanbou stie in tuorke, yn 'e folksmûle 'De lytste toer' neamd. Dêr kin it oarspronklike angelusklokje yn hongen hawwe. Dy oanbou kin om 1100 hinne boud wêze as tsjerke. Der kaam ek in súdlike oanbou. De Hallumers sprekke oer de 'Koarte Gaarde'. Dat is in ferbastering fan Corps du Garde. Yn Frânske tiid wie der in Frânske besetting yn Hallum. De Hallumer toer wie in part fan it seinstelsel dat Napoleon oer syn hiele ryk brûkte foar it trochjaan fan befellen.
Yn 1804 wie Hallum yn 't nijs. By wurksumheden foel de sealdaktoer yn. It Hinz-oargel dat der noch mar sa'n 40 jier stie, waard ferwoaste. De Hallumers gienen oan 'e slach en yn 1806 stie de spitse toer, sa as dy der noch stiet, der. Yn 1811 spile der wer in nije oargel. Dat is boud troch Johan Adolf Hillebrand, de masterfeint fan de oargelbouwers Albertus van Gruisen en Soannen. It liket dat der nochal wat oan net yn 'e oarder west hat. Hartdoff en oaren hawwe der faak feroarings oan oanbrocht.
De preekstoel is makke yn 1773. Hy is ryk fersierd mei moai snijwurk fan Embderveld. Ek sit der oan de oargelkas snijwurk.
Yn de tsjerke hingje noch roubuorden dy't in oantinken jouwe oan de eardere Hallumer slachten.
Yn 1876 makke Jacob Douma it getten izeren stek om it tsjerkhôf hinne.
[bewurkje seksje] De Grifformearde tsjerke
Yn 1836 waard der troch Hendrik de Cock in ôfskieden tsjerke stifte. De gemeente groeide en der waard besletten om in eigen dûmny te beroppen. Dat waard Marten Annes Ypma fan Minnertsgea. Der waard ôfpraten dat salang hy noch by Tamme Foppes de Haan studearre, hy 200 gûne traktemint krije soe. As er klear wie, krige er 400 gûne. Yn 1845 wie dat safier. Doe blykte it dat de Hallumers fergetten wienen wat se fersein hienen. Ypma krige in berop fan in emigraasjeferieniging en gie yn 1846 nei Amearika. De Hallumers betochten te let dat it sa net moatten hie.
De ôfskieden gemeente is letter mei de ferieniging mei de dolearjenden meigien. Yn 1913 is de tsjintwurdige tsjerke, ûnder arsjitektuur fan de Grinzer arsjitekt Tjeerd Kuipers der kommen. Yn 1946 hat in part de Frijmakke Grifformearde Tsjerke stifte.
Yn 2006 hat de ferieniging mei de herfoarmen plak fûn. De Protestantske Gemeente hat as namme keazen: Prostestantske Gemeente 'Mariëngaarde' nei it eardere kleaster. As motto is der keazen foar wat oan de eardere Hallummer pastoar Freark fan Hallum taskreaun wurdt: 'God loovje en jins brea diele mei wa't it minder hawwe'. De grifformearde tsjerke hjit de Hoeksteen.
[bewurkje seksje] De Fermoanje
De fermoanje is der yn 1875 delset. Hallum hat al hiel lang in menniste-gemeente hân. No dielt er de dûmny mei Sint Anne.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat in feriening fan Doarpsbelang en in kommisje foar it jierlikse doarpsfeest. It doarp hat twa skoallen: Op 'e Dobbe en It Fundamint. It iepenloftswimdbad hjit "De Sân Stjerren". It doarpsblêd hjit it Sân Stjerren Nijs. It histoarysk argyf komt te stean by it argyf op de side fan de LC.
[bewurkje seksje] Ferienings
- De Koekefretters - shantykoar
- Hallumer fanfare
- Toanielferiening Hallum
- KV Hallum - kuorbal
- Wykels-Hallum - fuotbal
- Keatsferiening Hallum
- D'r Boppe op - biljerten
- Turnlust - gymnastyk
- Havot - folleybal
- Tennisferiening Hallum
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Grutste puzel fan de wrâld
Yn novimber 2011 wie de grutste (yn searje makke) puzel fan de wrâld klear. Dy puzel fan 6x2 meter waard makke troch Henk Braak. Hy hie 14 moanne wurk om it 17 kilo swiere gefaarte mei 32.256 puzelstikjes dien te meitsjen. De foarstelling is in plaat fan keunstner Keith Haring besteande út kleurrike puzels besteande út 32 rjochthoeke foarstellings. Om de grutte puzel tsjin de muorre te krijen moast in raam wike, sadat ien grutte muorre ûntstean koe. Foarôfgeand hie Braak al ris in puzel fan 24.000 stikjes makke, dy't in grut oerwâld foarstelde.
[bewurkje seksje] Autocross
Alle jierren wurdt op de lêste sneon fan augustus de autocross fan Hallum hâlden dêr't sa'n 150 koereurs oan meidogge. Der wurdt riden yn fiif klassen: de Grand National Stockcar F1-klasse, de regioklasse H.A.C. 1600 (nei de organisearjende partij de Hallumer Autocross Club neamd), de frije klasse (foar de Durk Wagenaarbokaal), de keverklasse en de rodeoklasse. Oan de Grand National, foarhinne de massastart neamd, dogge sa'n 30 stockcars F1 mei, dy't stride om de Kafee H17-bokaal.
[bewurkje seksje] Strjitten
- Alle strjitten yn Hallum.
