Nijewier
|
|||||
| Gemeente | Dongeradiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 415 | ||||
| Webstee | webstee fan Nijewier | ||||
Nijewier is in doarp yn de gemeente Dongeradiel. It doarp hat likernôch 415 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Nijewier diel út fan de gemeente East-Dongeradiel.
Ynhâld |
Kleaster Sion [bewurkje seksje]
Eartiids stie yn it doarp it kleaster "Sion" fan de sistersjenzers; it is om 1200 hinne stifte. Sion wie it susterkleaster fan it Kleaster Klaarkamp yn Rinsumageast. Op it stee fan it eardere kleaster stiet tsjintwurdich in wenpleats. It kleaster wie ien fan de rykste kleasters fan Fryslân. Der hearde goed 1200 pûnsmiet lân by, dêr't 350 pûnsmiet fan yn East-Dongeradiel lei. De bewensters kamen út de hegerein. It soe kinne dat de sistersjenzers dit kleaster mei stifte hawwe fanwegen de sâltwinning. By de sistersjenzers spilen ek ekonomykse motiven mei. Harren libbenswize wie: bidde en wurkje. It lêste waard meastentiids oan de lekebruorren en -susters oerlitten. Ien fan de lêste prioressen wie Auck Donia dêr't in strjitte nei neamd is. Yn de nacht fan 13 april 1571 hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere [1] Nei de reformaasje is it kleaster yn 1580 opheft.
De namme fan it kleaster komt werom yn de namme fan it doarpshûs dat "Nij Sion" hjit.[2]
De Herfoarme Tsjerke [bewurkje seksje]
De tsjerke, sa as dy der no stiet, is boud yn 1678. (Bakstien mei opskrift: Douwe Roelofs mr. metselaar 1678. Geert Hendrik 1678). Der is brûk makke fan de stien fan de eardere tsjerke (kleastermoppen)
Yn 1811 is de westkant ferboud en it tuorke der opsetten.
De tsjerke hat in oargel út 1818 fan J.A. Hillebrand (in oargelbouwer dy't fan Dútslân kaam). Sa as it mei mear oargels fan him barde, liket it derop dat er de bou net dien makke hat. Yn 1822 hat N.A. Lohman it ree makke.
A.M. Wijbenga [bewurkje seksje]
Anders Minnes Wijbenga waard yn 1881 te Nijewier berne. Fan syn fak wie er komelker/gernier. Hy wie tige frysksinnich. Yn 1908 wie hy ien fan de oprjochters fan it Kristlik Frysk Selskip. Yn dat selskip hat hy tige warber west. Yn 1923 joech it Selskip him de opjefte om de psalmen yn it Frysk te berymjen. It doel wie om dy yn 'e tsjerke te brûken. It hat lang sa west dat der yn Fryske tsjinsten Hollânske psalms en gesangen songen waarden. De bondel fan Wijbenga is net yn de tsjerken ynfierd. De beriming fan Fedde Schurer waard better fûn. Yn 1930 kaam der in bondeltsje fan syn gedichten út mei as titel: 'Libbensgong'. Nei syn dea yn 1948 is it bêste wurk fan Wijbenga sammele yn de bondel: 'Ljocht oer it fjild'.
Mienskip [bewurkje seksje]
Yn it doarp steane twa tsjerken, in kristlike basisskoalle 'By de Boarne' en in doarpshûs. Fierders is der in keatsfjild. De lêste winkel hat yn 2003 de doarren sletten. It doarp docht in soad dingen mei Wetsens. Yn it doarpswapen stiet in terp en in izeren Jeruzalemkrús dat nei it eardere kleaster Sion ferwiist.
Ferienings [bewurkje seksje]
- De Bazuin - korps
- Sion Sjongers
- Begraffenisferiening
Befolking [bewurkje seksje]
Strjitten [bewurkje seksje]
Auck Doniastrjitte, Bartenswei, Bornensisstrjitte, Bredewei, De Singel, De Skulp, Grutte Stege, Grytmanswei, Linepaad, Mearswei, Miedwei, Siercksmawei, Terpstrjitte, Tsjerkepaad.
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|