Burdaard

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Burdaard
Himrik fan  Burdaard
Gemeente Ferwerderadiel
Gritenij Dantumadiel
Stimmen 13
Ynwenners (2014) 1158
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 53° 17' NB, 5° 52' EL
Netnûmer 0519
Postkoade 9111-9112
Webstee {{{webstee}}}


Burdaard (offisjeel Frysk, Nederlânsk: Birdaard) is in plak yn Ferwerderadiel mei 1.158 ynwenners (1 jannewaris 2014). Sûnt 1973 is it ien doarp mei it eardere Wânswert oan 'e Streek. De Burdaarders moasten oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 foar't se ûnder deselde gemeente foelen. Se bekroaden har der net folle oer. Allinne by de gemeenterieferkiezings hongen oan beide kanten fan de Ie ferskillende biljetten.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Untstean[bewurkje seksje | edit source]

Burdaard op in gravuere fan J. Bulthuis, ein fan de 18de ieu.

Burdaard is ûntstien as in terp tsjin de Dokkumer Ie oan. Yn 945 wurdt Burdaard as Breitenfurde (Breedfurd) neamd yn de registers fan it kleaster Fulda. It liket der lykwols op dat der wolris ferskil wie tusken de namme dy't it kleaster delskreau, en de namme dy't lokaal brûkt waard. Der wurdt oannaam dat yn dit gefal de wiere namme Birdwerd west hawwe moat, "terp oan de râne" (fan it wetter). It soe ek wêze kinne dat it hjir om in Dútske beneaming gean kin dy't oersetten wurde kin as "brede fuorde". (in fuorde is in ûndjippe trochgong yn in wetter). Yn 1409 wurdt foar it earst melding makke fan in plak mei de namme "Berdawerd", in foarrinder fan de namme Burdaard. Dêrnei waard it ek noch wol stavere as "Berdaewerdt", "Bierdauwert" en "Berdaerdt".

Yn de rin fan de tiid ûntstiet der in streekdoarp. It measte ferkear gie doe oer it wetter, dat de Dokkumer Ie wie in wichtich skipsfeartswetter. Der kaam sa hannel om de skippen fan it nedige te foarsjen. Ek kamen der ambachtslju dy't mei it wetter te dwaan hienen. Der hawwe sa trije skipshellings west. Dêr waarden foaral fiskersskippen boud.

Dokkumer Ie en Frânske besetting[bewurkje seksje | edit source]

Om 1250 waard de Ie tusken Burdaard en Tergrêft trochgroeven, en yn 1506 wie de earste grutte slatting fan dizze rivier.) Der wurdt melding makke fan in trochwâd oer de Ie by Birdaard. De plaknamme feroare in skoft yn "Berdawerder(a)tille". Yn 1777 bart de twadde grutte slatting fan de Ie. Flak dêrnei begjint de Frânske besetting.

Hannel[bewurkje seksje | edit source]

In oare geunstige ûntwikkeling hat west dat Burdaard ek lei op de grins tusken de klaai en de wâlden. Burdaard waard sa in steapelplak foar de trochfier nei Ljouwert en Dokkum. Keaplju kochten foaral tsiis op dat se wer fierder ferkochten. Dêrnjonken wie der in hannel yn fee. Tongersdeis waard der yn Burdaard de foarmerk holden foar de freedsmerk yn Ljouwert.

Ut de skieppehandel kaam fuort dat der slachters kamen. Dizze slachten de skiep en ferkochten it fleis nei de stêden. It fet waard brûkt troch de kearsemakkerij. Ienige wêr't gjin hannel yn siet, wienen de koppen fan de skiep. De Burdaarders hawwe dêr de namme fan skieppekoppen oan oerholden.

De ûntwikkeling is ek oan de Ie ferrûn. It wienen foaral rintenierjende boeren dy't in hûs oan it wetter in gaadlik plak fûnen.

Yn de 19e ieu begjint de rykdom fan de Burdaaarders te groeien. Om 1860 hinne wurde in oantal trochgeande diken dy't troch Burdaard rinne ferhurde, te witten de wegen nei Jislum, Wânswert en Steenendam.

Yn de nacht fan 15 op 16 augustus 1944, yn de Twadde Wrâldoarloch, waard it hûs fan prominint fersetslid Freerk Leystra mei hângrenaten ferwoaste en yn de lôge setten, as represaille nei in fjoergefjocht yn en om it hûs tuske trije fersetsleden, wêrûnder Leystra sels, en in oantal leden fan de SD, wêrby't twa fan de trije SD'ers it libben ferlearen. Yn dyselde nacht ferlieten in soad Burdaarders it doarp koarte tiid, út eangst foar de Dútske besetter, om even letter werom te kommen. Leystra is oant de ein fan de oarloch ûnderdûkt bleaun.

Om 1970 lûkt in ekoniomyskje malêze troch it doarp, mei as gefolch dat in soad winkels ophâlde te bestean. Yn 1972 begûn in grut ruilferkavelingsprojekt en om 2000 wreide it doarp flink út nei in nijbouprojekt oande westkant fan it doarp, oan de Dokkumer Ie.

Yndustrialisaasje[bewurkje seksje | edit source]

Nei 1900 waarden it molkfabryk Konkordia en de feefoerkoöperaasje De Iendracht stifte. De Iendracht ferwurke ek dong. Nei 1945 binne beide troch fúzjes ferdwûn. Fan Konkordia is neat mear oer. Yn it kompleks fan De Eendracht hat him no in arsjitekteburo festige.

De mûnen[bewurkje seksje | edit source]

Yn eardere foarm fan yndustrialisaasje wie de bou fan mûnen.

De Swel[bewurkje seksje | edit source]

de mûne de Swel

Yn 1841 waard yn Burdaard in pel-,meal- en houtseachmûne stifte. Dizze baarnde yn 1874 ôf. De eigener besleat om in nije mûne bouwe te litten. Dy krige as namme De Swel, De Zwaluw. Neffens oerlevering gie it yn de earste tiid net sa goed mei de saken. De eigner kaam der sa op om de mûne 'De Swel' te neamen. Hy soe dan oan it sprekwurd tocht hawwe dat swel oan de simmer ferbynt.

Op 11 novimber 1972 sloech it wjerljocht yn 'e mûne dy't al net mear brûkt waard en ferrinnewearre rekke wie. It doarp hat doe besletten om de mûne wer syn âlde gloarje te jaan. Der wienen ferskate tûkelteammen, mar yn 1989 waard der mei it wurk begûn. Yn 1995 stie de mûne der wer kreas by. Yn 1999 kaam der hielendal klear troch't it houtstek ek restaurearre wie, mei in museum deryn. De mûne waard eigendom fan de gemeente Ferwerderadiel, en wurdt no draaid troch frijwillige mûnders. Bakkers litte der harren moal mealle en sneons draait ek de houtseagerij wer.

De Swel is mei syn hichte fan 42 meter in wichtich part fan it doarpsgesicht fan Burdaard.

De Traitebel[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1855 liet P. Oberman in houtseachmûne bouwe. Hy krige as namme: De Traitabel. Dat wol sawat betsjutte as brûksum of hânsum. Yn 1864 baarnde de mûne ôf. Der kaam wer in nije mûne, oant yn 1918 op Krystjûn der bern mei fjoer boarten. Wer gie de mûne yn flammen op. Op it mûnehiem kaam doe in elektryske houtseagerij, mei deselde namme. Sa'n fjirtich jier letter, yn de fyftiger jierren, is dy lykwols wer sletten.

De Oaljefant[bewurkje seksje | edit source]

In eintsje bûten Burdaard stiet de wettermûne De Oaljefant, De Olifant. Dizze mûne is yn 1856 út Grinslân kommen. It doel wie om it lettere wetterskip De Oaljefant te bemeallen. It wetterskip is yn gruttere wetterskippen opgien. Yn 1970 stie de mûne der bûten gebrûk. Der kamen doe plannen om de mûne wer yn syn âlde steat werom te bringen. Fan 1978/1979 en yn 1991 binne dy plannen mei súkses útfierd. De mûne draait wer mei in frijwillige mealder. De Stichting De Fryske Mole is eigener wurden.

De âlde brêge oer de Ie[bewurkje seksje | edit source]

Brêge fan Burdaard

In ferklearing fan de namme Burdaard soe ek yn it âlde wurd furd lizze kinne. In furd wie in plak wêr't je troch it wetter rinne koene. Burdaard hie ek in furd oer de Ie. Troch't de skippen grutter waarden, moast ek it furd ferdwine. Yn 1777 krige Simen Jans, de kastelein fan de herberch dêrnjonken, in fergunning om de in brêge oer de Ie te meitsjen. Dit waard in klapbrêge. Net allinne de skippers moasten wat yn 't klompke dwaan, ek it ferkear oer de de dyk moast tol betelje. Oant 1937 hawwe de kasteleins dit rjocht holden. De brêge is sels neamd nei de kasteleins Steenhuisen. Letter is der in draaibrêge kommen.

De tsjerken[bewurkje seksje | edit source]

De Herfoarme tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De Herfoarme tsjerke op in âlde oansichtkaart

De Herfoarme tsjerke út 1851 stiet wat bûten it doarp op de terp mei de pleats Grut Wytsma. It hat noch al wat drokte jûn om de tsjintwurdige tsjerke te bouwen. Burdaard/Jannum wie in earme gemeente en neffens it plan soe der in foarse tsjerke komme. De hegere tsjerklike ynstânsjes hawwe dat plan ôfkard. Burdaard is doe mei in ienfâldiger plan kommen. As foarbyld tsjinne de tsjerke fan Ikkerwâld. It Adema-oargel is makke foar de Roomsk-Katolike Tsjerke yn De Kuunder. Yn 1871 is it ferpleatst nei Burdaard.

De Grifformearde tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De Ofskieding hat yn Wânswert hiel sterk spile. De ôfskiedenen holden harren tsjinsten yn Wânswert oan 'e Streek. Yn 1861 kaam der in tsjerke. Dizze is yn 1892 ferfongen troch de tsjerke dy't der no stiet. Offisjeel hiet de tsjerke de Kristlik Ofskieden tjserke, letter de Grifformearde tsjerke, fan Wânswert. Under Wânswert wurdt der fierder op de skiedenis fan de Ofskiedenen yn gien.

Der is in gearwurkingsferbân kommen tusken de grifformearden en herfoarmen. No foarmje se tegearre de Protestanske Gemeente fan Burdaard.

De Nederlandse Protestanten Bond[bewurkje seksje | edit source]

De frijsinnigen yn Burdaard hawwe in skoft in ôfdieling west fan de NPB. Se kamen gear yn de boppeseal fan de herberch Het Posthuis, no kafee 't Hoekje. De herberch hat de namme fan de Bond oan oerholden.

It Ruurd Wiersma Hûs[bewurkje seksje | edit source]

Yn Burdaard wenne de molkfarder Ruurd Wiersma. Hy wie ek skilder. Mei fytslak hat er troch syn hiele hûs skilderings oanbrocht. Hy wurdt rekkene ta de naïve sneinsskilders. Doe't er ferstoar wie der belangstelling foar de naïve skilderkeunst. Der waard dan ek besletten om syn hûs te litten sa as Ruurd Wiersma dat efterlitten hie. It hûs is ynrjochte as museum fan it wurk fan Wiersma.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It multyfunksjoneel Doarpshûs sit oan de Wânswerterdyk. Burdaard hat mei Jislum ien Feriening foar doarpsbelang. Basisskoalle De Welle stiet oan de Skoalstrjitte it pjutteboartersplak hjit Oer de Brêge. It doarp hat in Stichting Aktiviteiten en in Oranjekommisje. De histoaryske feriening hjit Ald Burdaard. It jeugdhonk hjit The Pitch.

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

  • Sportferiening De Sweltsjes
  • Fuotbalferiening Burdaard
  • toanielferiening Op, mar net út 'e Hichte
  • Muzykferiening Concordia
  • biljertklup 'De Klos
  • kuorbalferiening Quick
  • dartklup Birdart
  • hânbôgeferiening Nocht en wille
  • iisklup Burdaard
  • kaartklup Klaverboer

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Burdaard: Tjitze Tjepkema, predikant en teolooch

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten yn Burdaard.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: