De Swel (Burdaard)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Swel yn 2008

De Swel is in nôt-, pel- en houtseachmole yn Burdaard.

De oarspronklike mole waard yn 1875 boud en waard neffens guon doe daliks foarsjoen fan selsswichting. Standertwurken op it mêd van moles fermelde lykwols dat de Eva yn Uskwert yn 1891 as earste Nederlânske mole in selsswichting krige. De mole yn Burdaard (doe noch oantsjutten as Wânswert oan de Streek) waard neist in nôt- en pelmole ek in seachmole. Unyk is dat de mole net sintraal yn de seagerij stiet, lykas bygelyks de Fram yn Woltersum. De romp fan in paltrokmole waard los njonken de mole setten en wurdt troch in ekstra oerbringing út de mole wei oandreaun.

De mole baarnde yn 1972 út neidat de mole al jierren stilstie. Nei in tige muoisum ferrinnend proses waard de achtkante boppekruier hielendal restaurearre yn 1988 wer yn gebrûk nommen. As nôtmole is de stellingmole profesjoneel yn gebrûk, de seaagerij wurdt geregeldwei troch frijwilligers in bedriuw steld. De mole is no eigendom fan gemeente Ferwerderadiel. De hjoeddeiske kombinaasje fan funksjes is unyk, al hie de earder neamde noch besteande mole fan Woltersum earder ek dizze kombinearre funksjes.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen