De Oaljefant (Burdaard)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Oaljefant yn 2008

De Oaljefant is in poldermole rom in kilometer besuden it doarp Burdaard yn de gemeente Ferwerderadiel. De houten achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei fertikale houten dielen hat in flecht fan 23,90 m.

De Oaljefant is mealreeë grûnsiler, waard oarspronklik yn 1856 boud foar it bemeallen fan de Oostwolderpolder by it Grinslanner Oostwold. Hy waard yn 1867 foar 2000 gûne kocht troch it bestjoer fan de krekt oprjochte polder De Olifant en werboud op de hjoeddeiske lokaasje.

Yn 1970 ferlear de mole syn funksje. Hy waard yn 1977 eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't de mole yn 1978-1979 restaurearje liet. Yn 1991 barde dat nochris. Yn 2007 waarden de beide roeden fan de mole fanwege de minne steat dêr't se yn ferkearden, ferfongen troch nije. Keazen waard foar in eksperimintele konstruksje, wêrby't de roeden elk út twa helten bestean, dy't mei bouten oan elkoar fêstmakke binne. De Oaljefant hat foar it útmeallen in grutte en in lytse fizel en kin dêrneist mei help fan in tredde fizel yn tiden fan droechte ek ynmealle. De mole kin op ôfspraak besichtige wurde.

Yn 2006 waard de mole troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]