Furde

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Moderne furde
Furde yn it Deurzerdjip ûnder Roan
Furde by Weimar

In furde (yn Fryslân en soms yn West-Fryslân ek dracht neamd; Nederlânsk: voorde, trecht of tricht is in

  • ûndjip waad, meastal yn in streamke of rivier.
  • in brêge dêr't by hege ôfier it wetter oerhinne streamt wurdt ek wol furde neamd
  • in plak tusken de dunen troch om it strân te berikken, sa as Zandvoort
  • in begeanbere strek troch it fean, sa as Eexterzandvoort.
  • in it lân ynrinnend part fan in see; baai, bocht, ynholte, ynwyk
  • mooglik hat furde ek de bestjutting fan in rjocht op trochgong

Lykas in brêge hat in furde faak in eigen namme.

Toponym[bewurkje seksje | edit source]

Ferskate plaknammen yn it Nederlânsk taalgebiet bringe in âlde furde te binnen en hawwe '-voorde' of in fariant dêrfan yn har namme (-voord, -foort). Sa as Amersfoart en Vilvoarde. Yn Fryslân binne Sânfurd, Koufurderrige en De Kûfurd foarbylden.

De namme komt ek foar yn oare lannen en talen.

Furde is teffens in kognaat fan fjord, in wurd dat ûntliend is oan de Skandinavyske talen. Dy talen hawwe faak plaknammen mei mei -fjord of fjorden, sa as yn Oslofjorden.

Yn Nederlân waard in furde ek oantsjut mei drecht, trecht of tricht, ôflaat fan it Latynske traiectum dat 'trochlutsen' betsjut en fia oare paden en mei in oare betsjutting ek yn it Nederlânsk bedarre as trajekt. Plakken mei soksoarte efterheaksels yn de namme hawwe dy meast te tankjen oan in waad yn de neite. Foarbylden binne Maastricht en Utrecht.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: