Guildford (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Guildford
Guildford & Cathedral of Surrey.JPG
Sifers
Ynwennertal 66773 (2001)
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Regio Súdeast Ingelân
Greefskip Surrey
Oar
Tiidsône (UTC+0)
*Simmertiid (UTC+1)
Webside Guildford Borough Council


Guildford is in plak yn de bestjoerlike krite Guildford, yn it Ingelske greefskip Surrey.

It is it haadplak fan it distrikt Guildford en it bestjoerlik sintrum fan de regio Súdeast Ingelân. De namme betsjut nei alle wierskyn gouden furde yn de rivier de Wey dy't op dat plak troch de North Downs snijt.

De stêd hat twa spoarstasjons en hat goede ferbiningen mei Londen en mei de lofthaven Gatwick. Guildford is Automotive Technik (ATL) fêstige, de bouwer fan de Pinzgauer terreinwein.

Tichtby Guildford leit bûtenpleats Wanborough Manor (1527); yn de Twadde Wrâldkriich siet dêr in opliedingssintrum foar aginten fan de Special Operations Executive (SOE).

Op 5 oktober 1974 die de IRA bomoanslaggen op twa pubs yn Guildford mei de bedoeling soldaten te reitsjen. Fiif boargers rekken doe dea. Fjouwer ûnderstelde IRA-terroristen, mei de bynamme Guildford Four, waarden frijlitten nei fyftjin jier ûnskuldig fêst sitten te hawwen.

Yn 2002 slagge it Guildford, fannijs, net om de status fan city te krijjen.

Stedsbyld[bewurkje seksje | edit source]

Ferneamde ynwoners[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]