Brêge
Ut Wikipedy
Brêgen wienen der yn Fryslân yn ferskate tradysjonele foarmen:
- planke, balke post of hout (de ienfâldichste sûnder leuning)
- it heechhout: smelle brêge foar fuotgongers
- draai: in draaibere planke mei leuning
- barte: in losse helpbrêge dy't mei klampen of plankjes byelkoar hâlden wurdt. Sûnder leuning foar fee of weinen
- set: in lânhaad dêr't in pear barten op lein wurde, in ienfâldich brechje wêrfan it middenstik oan de kant skood wurde kin om skippen troch te litten
- fonder: in losse helpbrêge
- tille: fêste en frij brede en hege brêge mei twa leunings
- piip: stienen bôgebrêge, meastentiids yn de stêden
- post: in âlde namme foar in brechje
It ferskaat is yn plaknammen werom te kennen: Balk, Bûtenpost, Stinebarten, Hoptille en Draaisterhuzen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|