Erfurt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Erfurt
Mariendom en Severikirche
Mariendom en Severikirche
Sifers
Ynwennertal 204.880 (2013)
Oerflak 269,17 km²
Befolkingstichtens 761 km²
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Türingen
Boargemaster Andreas Bausewein
Oar
Tiidsône UTC +1
*Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 59' NB, 11° 2' EL
Webside www.erfurt.de
Binnenstêd by twiljocht
Anger (1988)

Erfurt is de haadstêd fan de Dútske dielsteat Türingen en hat 204.880 ynwenners. Bestjoerlik hat it de status fan kreisfreie Stadt (stedsdistrikt).

Erfurt waard 742 foar it earst neamd, meidat Bonifatius dêr in bisdom stifte. It âld sintrum hat relatyf net folle te lijen hân yn de oarloch. Yn de tiid fan DDR wie Erfurt de haadstêd fan it bezirk Erfurt.

It besjen wurdich binne de romaansk-goatyske dom, dy't boud waard fan de 12e oant de 15e ieu, de sitadel en it merkplein. It stedhûs is boud yn neogoatische styl.

Erfurt hat sûnt 1392 in universiteit (mar fan 1816 oant 1994 net). It wie de trets oprjochte universiteit yn Dútslân (nei dy fan Keulen en Heidelberch) en yn de 15e ieu wie it de grutste. De universiteit joech ûnderrjocht oan lettere wichtige Renêssânse-humanisten. Maarten Luther studearre dêr fan 1501 oant 1505.

Stedsdielen[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Erfurt en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: