Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rûte fan de alvestêdetocht
Rûte fan de alvestêdetocht
Byld fan 1e Alvestêdetocht yn Ljouwert.
Yn de midden / 5e fan links mei burdsje de winner Minne Hoekstra, links fan him Gerlof van der Leij, de 2e priiswinner út Marrum, rjochts jhr. Jan Feith.

De Alvestêdetocht is in reedriderstocht fan sawat 200 kilometer by de alve stêden fan Fryslân lâns. Ljouwert, de haadstêd fan Westerlauwersk Fryslân, is fan âlds it start- en finishplak. De tocht bringt de dielnimmers fan Ljouwert nei Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum en dan wer werom nei Ljouwert, dêr't op de Bonke de einstreek leit. Hûnderttûzenen taskôgers wiene by de lêste tochten de kjeld treast en moedigen oan 'e rûte de reedriders oan.

Organisaasje[bewurkje seksje | edit source]

Eltse dielnimmer, dy't lid wêze moat fan de yn 1909 oprjochte Feriening Alvestêdetocht, kriget by it ynskriuwen in stimpelkaart. Dy moat persoanlik oerjûn wurde by de kontrôleposten dy't yn alle stêden en op in stikmennich geheime plakken steane. Dêr wurde de stimpelkaarten mei de hân stimpele. In dielnimmer kriget it Alvestêdekrúske allinne as alle stimpels op 'e kaart steane en de dielnimmer op 'e tiid, foar tolve oere jûns, yn Ljouwert oankomt.

De earste tocht waard op oanstean fan sportpionier Pim Mulier organisearre ûnder de flagge fan it Fryske Iisbûn. Mulier hat ek de ûntwerper fan it Alvestêdekrúske west.

Tochten[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1909 waarden der mar 15 offisjele Alvestêdetochten op redens hâlden.

Utslaggen[bewurkje seksje | edit source]

  Jier Datum Namme Wenplak Tiid km.
1 1909 2 jannewaris Minne Hoekstra Warmenhuzen* 13.50 189
2 1912 7 febrewaris Coen de Koning Arnhim 11.40 189
3 1917 27 jannewaris Coen de Koning Arnhim 9.53 189
4 1929 12 febrewaris Karst Leemburg Ljouwert 11.09 191
** 28 febrewaris Marten van der Kooij Hylpen 10.32 199
5 1933 16 desimber Abe de Vries
Sipke Castelein
Dronryp
Warten
9.53 195
6 1940 30 jannewaris Piet Keizer
Auke Adema
Cor Jongert
Dirk van der Duim
Sjouke Westra
De Lier
Frjentsjer
Alkmar
Wergea
Warmenhuzen
11.30 198,5
7 1941 6 febrewaris Auke Adema Frjentsjer 9.19 198,5
8 1942 22 jannewaris Sietze de Groot Weidum 8.44 198
9 1947 8 febrewaris Jan van der Hoorn Ter Aar 10.51 191
10 1954 3 febrewaris Jeen van den Berg Nij Beets 7.35 198,5
11 1956 14 febrewaris gjin winner oanwiisd ***   190,5
12 1963 18 jannewaris Reinier Paping Ommen 10.59 196,5
13 1985 21 febrewaris Evert van Benthem St. Janskleaster 6.47 196,8
14 1986 26 febrewaris Evert van Benthem St. Janskleaster 6.55 199,3
15 1997 4 jannewaris Henk Angenent Alfen oan de Ryn 6.49 199,6
Hylpen 1997

(*) Wenplek neffens opjefte fan de Feriening Alvestêdetocht. Oare boarnen jouwe Hoekstra syn berteplak Wergea as wenplak.

(**) Om't de winter sa lang oan hold yn 1929, waard der doe troch âlve kastleins noch in twadde tocht hâlden, dy't bekend is as de "Tolhúster Alvestêdetocht", nei it kafee dêr't it fertrek en de oankomst wienen.

(***) Nei dielde oerwinnings in 1933 en 1940, waard dit ferbean troch de organisaasje. Jan van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Maus Wijnhout en Anton Verhoeven brutsen dizze regel doe't sy fiifresom as earsten oankamen. Sy waarden diskwalifisearre, mar der is net in oare winner oanwiisd.

Froulju[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1985 koene foar it earst froulju meidwaan oan 'e wedstryd. Yn dat jier wie de earstoankommende frou Lenie van der Hoorn; in jier letter wie dat Tineke Dijkshoorn; yn 1997 Klasina Seinstra. Fan de kommende tocht ôf komt der in aparte wedstryd foar froulju. Der komt dan ek foar it earst in offisjele winnares

Oankundige tochten[bewurkje seksje | edit source]

Filmke fan de Alvestêdetocht yn 1933.
Filmke fan de Alvestêdetocht yn 1942.
Filmke fan de Alvestêdetocht yn 1947.
Filmke fan de Alvestêdetocht yn 1954.

Njonken de tochten dy't riden binne, is de tocht ek in tal kearen net riden:

  • sneon, 2 jannewaris 1909: 1e Alvestêdetocht
  • sneon, 20 jannewaris 1912: net riden
  • tiisdei, 23 jannewaris 1912: net riden
  • woansdei, 7 febrewaris 1912: 2e Alvestêdetocht
  • tiisdei, 27 jannewaris 1914: net riden
  • sneon, 27 jannewaris 1917: 3e Alvestêdetocht
  • tiisdei, 12 febrewaris 1929: 4e Alvestêdetocht
  • sneon, 16 desimber 1933: 5e Alvestêdetocht
  • sneon, 24 desimber 1938: net riden
  • tongersdei, 29 desimber 1938: net riden
  • moandei, 15 jannewaris 1940: net riden
  • tiisdei, 30 jannewaris 1940: 6e Alvestêdetocht
  • tongersdei, 6 febrewaris 1941: 7e Alvestêdetocht
  • tongersdei, 22 jannewaris 1942: 8e Alvestêdetocht
  • sneon, 28 desimber 1946: net riden
  • tongersdei, 9 jannewaris 1947: net riden
  • tongersdei, 6 febrewaris 1947: net riden
  • sneon, 8 febrewaris 1947: 9e Alvestêdetocht
  • woansdei, 3 febrewaris 1954: 10e Alvestêdetocht
  • tiisdei, 14 febrewaris 1956: 11e Alvestêdetocht
  • sneon, 30 desimber 1961: net riden
  • freed, 18 jannewaris 1963: 12e Alvestêdetocht
  • tongersdei, 21 febrewaris 1985: 13e Alvestêdetocht
  • woansdei, 26 febrewaris 1986: 14e Alvestêdetocht
  • sneon, 4 jannewaris 1997: 15e Alvestêdetocht

Oant no ta is de tocht 26 kear offisjeel útskreaun, de earste troch it Nederlânske Bûn foar lichaamlike opfieding en de oare 25 kear troch de Feriening Alvestêdetocht. Dêrfan binne der 15 riden en 11 net.

Oare âlvestêdetochten en sporten[bewurkje seksje | edit source]

Alle jieren wurde der Alternative Alvestêdetochten organisearre. Dy wurde net yn Fryslân holden, mar earne yn in lân dêr't al iis leit.

Njonken op redens wurdt de Alvestêdetocht yn organisearre ferbân noch op ferskate oare wizen ôflein; de Alvestêdetocht Kuiertocht en de Alvestêdetocht op de fyts binne dêr de bekendste fan. Ek is der in Alvestêden Fytsfjouwerdaagse.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]