Gytsjerk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gytsjerk
Flagge fan Gytsjerk Wapen fan Gytsjerk
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gytsjerk
Gemeente Tytsjerksteradiel
Ynwennertal (2006) 2277
Webstee http://www.einekoer-gytsjerk.nl/
direkteurswente Koöperative Stoomsuvelfabryk "Trynwâlden"
laboratorium en molkeûntfangst Koöperative Stoomsuvelfabryk "Trynwâlden"
masinekeamer en wettertoer Koöperative Stoomsuvelfabryk "Trynwâlden"
Seis arbeiderswenten Koöperative Stoomsuvelfabryk "Trynwâlden"

Gytsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It doarp hat likernôch 2.277 ynwenners (2006).

Gytsjerk is it súdlikste doarp fan de Trynwâlden; it leit tusken Oentsjerk en Ryptsjerk. It is neamd nei Gatzerka, in namme dy't tsjerke fan it doarp betsjutte soe. Dy tsjerke moat dan om 1100 boud wêze by it krúspunt fan de wei fan Ljouwert nei Dokkum en de east-westferbining fan Ljouwert oer de Canterlandsewei en de Nije strjitwei. It doarp is yn de sântiger jierren hurd groeid, de útwreiding giet no wat stadiger. It doarp hat in eigen swimbad: De Sân Doarpen. Sûnt de swimbaden yn de plakken om Gytsjerk hinne sluten binne, is it der folle drokker wurden. Der sit ek in post fan de brânwar yn Gytsjerk. De grutste wurkjouwer is Jelle Bijlsma b.v., dat fan in leanbedriuw útgroeid is ta in grut bedriuw foar kultuertechnyske wurken. Yn it âld molkfabryk sitte in tal lytse bedriuwkes.

Efkes bûten Gytsjerk, op de Kanterlânsbrêge komme in soad minsken byte sjen. Op dizze brêge binne tûzenen ôfbylden fan alvestêderiders ferwurke yn it 'It sil heve elfstedenmonumint'. Alle tegeltjes op de "tegeltsjebrêge" meiïnoar foarmje in mozayk fan in groep foarbygeande hurdriders.

Yn de 19e ieu hie Gytsjerk –benammen by de Gytsjerksterhoeke- sa'n 50 huzen en ± 320 ynwenners.

Wegen[bewurkje seksje | edit source]

Fan de Rinia van Nautawei ôf rûn in wei dwers troch de lannen nei de tsjerke. De ferbining fan de Moark nei Gytsjerk rûn doe oer de Gytsjerkersterhoeke. It daorop wie doe allinnich mar ferbûn mei Mûnein en Aldtsjerk. Wa't nei Ryptsjerk woe moast mei in boatsje oer de Riid.

De Riiddyk waard oanlein yn 1727 mei in brêge oer De Ryd. Omdat de brêge in slompe jild koste hoe moast tol betelle wurde by in tolhúske op it stee dêr't no it molkfabryk stien hat. Dan waard yn it tolhúske in raamke iepenskood en op in plankje dat nei foaren skood waard koe it toljild lein wurde. Rinnende minsken moasten in sint betelje, in wein of reau in botsen. De Riidwâlstertolhikke ferdwûn yn 1897 doe't de gemeente it tolhúske mei de grûn ferkocht. De brêge waard letter ferfongen troch in dûker, dy't no de Riid en de Bouwe Pet mei inoar ferbynt.

It Mienskar[bewurkje seksje | edit source]

Gytsjerk lei eartiids op in nei alle kanten ôfsluten sâneilân. Mei de doarpen Aldtsjerk en Oentsjerk ûntstie weat fan ferbûnenens en yn de rin fan de tiid krige dit heger lizzende gebiet de namme: De Trynwâlden. It sâneilân wie lang ferlyn tige ryk oan bosk en yn de Midsieuwen wennen hjir minsken, dy't de rânen fan dit gebiet meast brûkten foar boulân. De earste bewenners sille grif de âld Germaanske grûnferdieling tapast hawwe. Tige wichtich by de rjochtsgong wie doe dat elke boer rjocht hie op in oandiel yn it mienskiplike besit, it saneamde mienskar. Alde stikken yn Gytsjerk fermelde noch it bestean fan sa'n mienskar ( ± 1581) De buorkerijen yn Gytsjerk wienen boud op de hegere gedieltes fan it sâneilân en de bouwlannen leinen yn stroken efter dy pleatsen. Foar feehâlders wie it leger lizzende lân geskikt en yn de boerenmienskip gou de regel: hoe grutter it besit oan boulân nammerste mear men rjocht hie op de 'grasinge of koeganck' yn it mienskar, dat sda'n 600 pûnsmiet grut wie. Neist de einekoai op de Gytsjerksterhoek wie de tagong en as de kij molken wienen, dan wachten de boeren ornaris op elkoar om dêrnei meiïnoar op hûs oan te gean.

Sjoerdastate[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1511 wurdt foar it earst skreaun oer eigener Lieuwe sjoerda fan Sjoerdastate dat oan it Eastein stien hat op it stee dêr't yn 2008 in wenbuorkerij stiet. Nei alle gedachten hawwe letter syn soan Sicke Lieuwes Sjoerda en syn pakesizzer Benne Sickes Sjoerda de state yn eigendom hân. Benne Sickes wie troud mei Jent Rintses Ytsma. Yn 1640 wie de state fan Sytske Bennes Sjoerda. Hja wie troud mei Jonkhear mr. Tinco fan Andringha, grytman fan Utingeradiel. Se wennen sels yn Akkrum mar ferhierden de state oan Ate Copsma. Yn 1660 wenne Ina fan Andringha fermelden, hja wie troud mei dr. Hartesius Jepema, riedshear oan it Hof fan Fryslân. Yn 1698 wennet op de state dr. Suffridus (Sjoerd) Eelcoma yn 1748 Arnoldus Gerardus Ernthuys en dêrnei T. Sijlstra en syn dochter Clara Maria Sijlstra.

Sjoerdastate wurdt beskreaun as "een Slot met deszelfs lange laan van stamboomen en grooten Boerenplaats van wel 140 pondematen lands, aan de weg van Giekerk naar Oenkerk" en "Buitenverblijf met bos, weiland, plaisierlaan, huis en erf, tuin, boomgaard, water tot vermaak en een plaisierbos met boerderij". It slot wie "út it wetter ophelle" en in lange leane rûn dêrwei nei Gytsjerk en kaam út op de Rinia van Nautawei. Op 30 desimber 1850 waard de "buitenplaats Sjoerda-state te Giekerk met 80 bunder greide, bouw en bosgrond" ferkocht. De widdo P.S. Westra wie doe de (lêste) bewenner fan de state dy't dêrnei sloopt waard, der is neat mear fan oerbleaun. Der waard doe in pleats setten dy't nei in brân ferfongen waard troch in wenbuorkerij.

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Gytsjerk hat de âldste tsjerke fan Trynwâlden, de Sint-Martinustsjerke. De tsjerke út it begjin fan de 12e ieu is wijd oan de hillige Martinus. It romaanske gebou is oplutsen út Dútske dowestien. De súdmuorre is net orizjineel omdat der yn de 19e ieu grutte finsters yn setten binne. De hege romaanske ramen binne tichtmitsele. Oant midden 19e ieu stie oan de súdkant fan de tsjerke in toer, meastentiids stiene tuorren oriïntaals. De nijboude westgevel krige yn de 19e ieu it tuorke. De koersluting hat in rûne bôge mei reade sânstienen muorrepylderkes. De meubels komme út de 17e ieu. Doe't de preekstoel yn 1937 ferbaarnde is der in nijenien makke troch timmerfeint Bottema.

rouboerden[bewurkje seksje | edit source]

Oan de muorren hingje trije rouboerden. Benammen begoedige lju, faak fan adel, krigen destiids nei harren dea sa'n boerd at se in soad foar tsjerke dien hienen. De boerden binne oantinkens oan de bewenners fan it eardere lângoed ‘Buitenlust’ dat eartiids oan de súdkant fan Gytsjerk oan de singel lei. It âldste boerd is dat fan Franciscus Frisius († 1744, 84 jier âld), advokaat by it Hof fan Fryslân en “Gecommiteerde Staat ten Landdage”. It middelste boerd betreft Cornelius Fransiscus Frisius, († 1762, 68 jier âld), abbekaat en âld-rekkenmaster en Ried yn de froedskip fan de stêd Ljouwert. It rjochtse boerd is fan Frederik Willem fan Meyers, “Brigadier van de Infanterie ten dienste van de Staat der Verenigde Nederlanden. Colonel en Commandant van het Lijfregiment van Sijne Hoogheyt den Heere Prinse van Oranje etc…etc. Capitein van een Compagnie Infanterie beneffens Ridder van de Generositeit. Oudt in zijn 57sten jaar. Overleden ten 22 Septembris 1742”.

De klok yn de toer wie fan 1809. is troch de Dútsers meinomd, yn 1948 is der in nijenien komd.

jûnsmielsulver[bewurkje seksje | edit source]

It jûnsmielsulver is yn 1650 jûn troch Sytske Sjoerda, widdo fan Tinco van Andringa. It span wenne op Sjoerda-State, in bûtenplak dêr't net folle oer bekend is. Op de beker stiet: “Sitske Mennes Siorda, wed. v.w. T. van Andringa, Grietman van Uittingeradeel heeft deze beker en drie silveren schûtelen vereerd aan de gereformeerde gemeente Christi tot Giekerk”. En dêrûnder stiet: ”Oldste kerkvoogd sinds H. van Jepema, Raed.-Ord. In den Hove van Frieslandt, haar schoonzoon”. Yn de 20e ieu hat in goudsmid fan Ljouwert in twadde beker makke mei de tekst: “Deze beker is een gift van het Diacinifonds van Giekerk door bemiddeling van den Wel.Gestr. Heer Mr. C. F. G. Rinia van Nauta en deszelfs echtgenoote W. H. van Heemstra terwijl P. van Kleffens predikant, K. Bloemhof ouderling en W. F. de Vries diaken dezer gemeente waren. -1858".

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Alve kear yn't jier komt doarpskrante "De Einekoer" út. It is neamd nei de skelnamme foar Gytsjerksters: “Einekoerskonten”.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten yn Gytsjerk.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]