It Wytfean

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Wytfean is in buorskip by Eastermar yn Tytsjerksteradiel.

It Wytfean leit yn it gebiet tusken Eastermar, de Rottefalle en Surhústerfean. It oarspronklike Wytfean wie in heechfean-gebiet. Likernôch 1620 sette him dêr in groep Switserske minnisten ta wenjen. Al om 1700 moat der in Fermanje stien hawwe. Hjoed de dei is It Wytfean in lanlik plak mei in protte pleatsen en oare frijsteande huzen.

De strjitten dy't ta it Wytfean rekkene wurde binne: de Wytfeansterwei, de Achttienenwei, de Seadwei, de Robyntsjewei en de Biltwei. De namme komt ek foar as Witveen, Het Witveen en as mooglike fjildnamme Witte feenen. Wyt fean is frij ljocht kleure, jong fean.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: