Oentsjerk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oentsjerk
Flagge fan Oentsjerk Wapen fan Oentsjerk
Flagge Wapen
Lokaasje fan Oentsjerk
Gemeente Tytsjerksteradiel
Ynwennertal (2005) 1784
Webstee http://www.oentsjerk.nl
Komboerd

Oentsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, mei 1.761 ynwenners (1 jannewaris 2006). Oentsjerk leit oan de N361, tusken Aldtsjerk en Gytsjerk. Fia de Oentsjerkster Feart is it ferbûn mei De Moark.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oentsjerk is ûntstien op it sân fan de Trynwâlden. Yn de 12e ieu hie it doarp al in tsjerkje fan dowestien, dy 't sirka 1230 troch de hjoeddeiske tsjerke ferfongen is. It doarp lei nei alle gedachten yn dy tiid by de tsjerke. Letter is it lykwols in lintdoarp de Wâlddyk bylâns wurden.

De sângrûn makke in boskgebiet mooglik. Ferskate aadlike geslachten hawwe dêrom by it doarp states mei grutte parken boud. Sirka 1450 waard benoarden it doarp Eysingastate boud, dat lykwols yn 1759 ôfbrutsen is. Sirka 1500 waard oan de eastkant fan it doarp Heemstra State oanlein, dat oant de santiger jierren fan de 20e ieu bestien hat, mar doe ôfbrutsen is en ferfongen troch it âldereinsintrum Nij Hiemstrastate. Oan de noardein fan it doarp stiet sûnt yn alle gefallen de 17e ieu Staniastate. Benoarden fan de state rint in âld boskpaad, De Reade Singel, en steane de boskjes Grikelân en Turkije.

Yn it eastlik part fan de himrik ûntstie yn de 19e en 20e ieu in aparte buorskip, sûnt 1948 it selstannige doarp Mûnein.

Doarp fan States[bewurkje seksje | edit source]

Yn it ferline telde Oentsjerk fiif states. Fan dizze fiif binne der noch twa folslein yntakt en yn it park fan in tredde stiet it moderne âlderein-kompleks Skewiel. Fan de oare beide binne allinnich in strjittenamme en in pleats op it stee werom te finen.

De states binne:

  • Staniastate: In moai slagge foarbyld fan in Fryske state, steand yn it skildereftige Stania-park oan de Rengerswei (it diel fan de Rengerswei dat ôfsplitst fan de N361. Yn Oentsjerk is de Staniasingel nei dizze state ferneamd.
  • Uniastate (Net betiizje mei Uniastate (Bears) en Uniastate (Mitselwier): Wyt lânhûs dat brûkt waard as doktershûs. Hoeke Dokter Kylstrawei / Rengerswei. De Uniasingel is nei dizze state ferneamd.
  • Heemstrastate: Ofbrutsen. Yn it Heemstra park stiet it âldereinkompleks Skewiel (foarhinne Nij Heemstra State). It Heemstra park leit oan de Rengerswei en dielt Oentsjerk yn twa dielen. De Heemstrasingel is nei dizze state ferneamd.
  • Andringastate: Ofbrutsen. It hat sawat stien op de hoeke Rengerswei / Wynserdyk (dêr't no de eardere Friesland Bank stiet).
  • Eijsingastate: Ofbrutsen. As men oer de Rengerswei Oentsjerk útrydt en de N361 (dy't yn Oentsjerk Rengerswei hjit) rjochting Dokkum ferfolget, sjocht men skean foar Staniastate oer in lytse pleats. Op dit stee stie de Eijsingastate. Yn Oentsjerk is gjin strjitte nei dizze state ferneamd, mar yn it tichtby lizzende Aldtsjerk leit it Eijsingapaad, in smelle wei dy't út de rjochting fan Oentsjerk nei de súd-eastkant fan Aldtsjerk rint.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Yn Oentsjerk sit in ôfdieling fan PTC+.

Keunst[bewurkje seksje | edit source]

Yn Oentsjerk stiet sûnt 1986 yn stânbyld fan Tryntsje-muoi en har sân soannen, makke troch Annet Haring.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Oentsjerk hat gjin doarpshûs, mar wol in feriening foar Doarpsbelang. De skoallen fan it doarp hjitte De Opstap en De Paadwizer. De Koeketromp is de doarpskrante.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Foutbalferiening vv Trynwalden

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Oentsjerk[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Andringasingel, De Dobbe, De Finne, De Greide, De Ikker, De Jister, De Kamp, De Mieden, Dokter Kijlstrawei, Douweleane, Frisiastate, Heemstrasingel, Hofwegen, Jan de Wittstrjitte, Rengerswei, Sanjesreed, Staniasingel, Uniasingel, Van Haersmasingel, Wynserdyk.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]