Ontmoetingskerk (Oentsjerk)

Ut Wikipedy
Ontmoetingskerk
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Oentsjerk
adres Rengerswei 15
koördinaten 53° 14' N 5° 53' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1874
boustyl eklektisisme
Webside
Side PKN-Trynwâlden
Kaart
Ontmoetingskerk (Fryslân)
Ontmoetingskerk

De Ontmoetingkerk yn Oentsjerk is ien fan de tsjerken fan de Protestanske Gemeente Trynwâlden. De oarspronklik lytse gemeente groeide yn de rin fan de tiid út ta de grutste tsjerklike gemeente fan de Trynwâlden, dy't op it hichtepunt sa'n 1600 leden hie yn 1979.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevelstien ta oantinken fan de earstestienlizzing yn 1874
Gevelstien ta oantinken fan de útwreiding fan de tsjerke yn 1907

De tsjerke waard yn 1874 yn in pear moanne tiid boud foar de kristlik ôfskieden gemeente en ferfong in âldere tsjerkegebou oan wat tsjintwurdich de Kaetsjemuoiwei hyt. Fan it âlde tsjerkje, dat boud waard nei de stifting fan de gemeente yn 1836, bleau fierders neat oer.

Al yn 1907 moast de tsjerke mei twa fleugels útwreide wurde. Ut dy tiid stamt ek it tuorke op de tsjerke. Tagelyk mei de útwreiding waard in konsistoarje efter de tsjerke boud. Mear sitplakken foar de groeiende gemeente waarden yn 1951 mei de ynbou fan galerijen yn de sydfleugels realisearre. In renovaasje fan de tsjerke folge yn 1963 en yn 1985 waarden de banken út de sydbeuken ferwidere en ferfongen troch stuollen. By de lêste grutte renovaasje fan 2004 waarden ek de lêste banken út de tsjerke helle en ferfongen troch stuollen.

De ramen fan it typysk grifformearde tsjerkegebou binne foarsjoen fan dekoratyf glês-yn-lead. Oan wjerskanten fan de yngong binne gevelstiennen ynmitsele, dy't herinnerje oan it lizzen fan de earste stien yn 1874 en de útwreiding fan 1907.

De âlde pastory út 1911 waard yn 1967 ôfbrutsen en ferfongen troch in nije wente foar de dûmny.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjintwurdige oargel op de kreake boppe de yngong waard yn 1970 boud troch de firma Flentrop, Saandam.[1]

Oare tsjerken fan de PKN-gemeente Trynwâlden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: