Sint-Martinustsjerke (Gytsjerk)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Sint-Martinustsjerke
De Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martinustsjerke [1] is in tsjerke yn Gytsjerk, yn de provinsje Fryslân. It is in midsieuske tsjerke, dêr't der in soad fan yn Fryslân steane.

De tsjerke komt út de lette 12e ieu en is Romaanske tsjerke mei gevel dy't út de 19e ieu stammet. Yn de rin fan de tiid waard de tsjerke hieltiten feroare en ferboud, mar de noardlike muorre, súdlike muorre en it koar tsjûgje noch altiten fan de Romaanske dowestien.[1]. De tsjerke leit oan de Canterlandwei 63 [2] en wie ien fan de Roomsk-Katolike tsjerken dy't wijd wie oan Sint-Martinus, mar waard in protestantske tsjerke nei de Reformaasje. De tsjerke is yn Ryksmonumint en is beoardield mei in tige hege histoaryske wearde. [3] De tsjerke hat in preekstoel dy't út de 17e ieu komt en in oargel dat yn 1896 makke is troch Bakker & Timmenga. Sûnt begjin 2008 is dizze tsjerke ien fan de seis tsjerken fan de fusearre Protestantske Gemeente Trynwâlden. Yn 2009 wie der in restauraasje en werynrjochting fan it ynterieur, dy't rjochte is op it aktyf gebrûk foar earetsjinsten.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Alle middeleeuwse kerken: van Harlingen tot Wilhelmshaven, P Karstkarel, p. 129
  2. Historischekerken.nl
  3. "kich.nl (Kennisinfrastructuur Cultuurhistorie)"