Quatrebras (buorskip)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Quatrebras, fjouwer earmen.
Quatrebras mei Club Q, 2011

Quatrebras is in buorskip yn de gemeente Tytsjerksteradiel en leit tusken Hurdegaryp en Noardburgum oan de N355 en Feanwâlden en Burgum oan de N356

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Namme[bewurkje seksje | edit source]

Quatrebras (fjouwer earmen) is it Frânske wurd foar krúspunt. Yn Tytsjerksteradiel is it de krusing fan de wegen N355 en de N356. It giet om in ferwizing nei de fjouwersprong yn Belgje dêr't Noard- en Súdnederlanners op 17 juny 1815, de dei foar de Slach by Waterloo, stân holden tsjin de Frânsen, wêrtroch't it hast fersleine Pruisyske leger him feilich en oarderlik weromlûke koe rjochting Brussel. De oare dei waard doe yn de mande mei de Ingelsken en Nederlanners it leger fan Napoleon ferslein. Lykwols bestie dizze krusing doe noch net.

Algemien[bewurkje seksje | edit source]

Eardere Maresjeseekazerne

Nei de oanlis fan de Ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Grins yn 1830 waarden in pear jier letter ek nije diken fan Feanwâlden en Burgum (1832), de Alde Kommisjewei, nei dy strjitwei oanlein. Oan it nije krúspunt ûntstie it buorskip Quatrebras, mei in tal pleatsen en wenten en in gaadlik plak foar in herberch mei útspanning, dêr't yn de 20e ieu ek in boarterstún by wie. Yn 1890 komt de NTM-hynstetramline Dokkum-Sumar oer Quatrebras te rinnen. Yn 1926 wurdt it in stoomtramline, fan Dokkum nei Drachten, dy't oant 1947 bestean soe. Nei de oarloch waard de krúsing in halte op mear as ien buslinen.

Fan 5 desimber 1893 oant 1 maart 1943 hie de brigade Noordbergum fan de Keninklike Maresjesee syn kazerne op Quatrebras. It gebou húsmannet al in pear desennia in antykhannel yn.

Quatrebras is no fral bekend fan bar-dancing Quatrebras, letter Club Q dy't sa'n bytsje op it plak fan it âld hotel-kafee kaam is.

Ald Quatrebras yn byld[bewurkje seksje | edit source]

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tresoar, fotoargyf
  • Noordhoff Atlasproducties (1990). Grote Historische Atlas van Nederland, 2 Noord-Nederland 1851-1855
  • Atlas Eekhoff, 1849-1859
  • Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. ISBN 9789001779047
  • Webstee Koninklijke Marechaussee