Feanwâldsterwâl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Feanwâdsterwâl
[[Ofbyld:|150px|Flagge fan Feanwâdsterwâl]] [[Ofbyld:|110px|Wapen fan Feanwâdsterwâl]]
Flagge Wapen
Lokaasje fan Feanwâdsterwâl
Gemeente Smellingerlân
Ynwennertal (2006) 400
Webstee Webstee Feanwâldsterwâl
dûbeltalich komboerd

Feanwâldsterwâl is sûnt 1 jannewaris 2011 foar wat it part yn de gemeente Dantumadiel oanbelanget in doarp. Sûnt 14 july 2011 is ek foar it part yn de gemeente Tytsjerksteradiel de doarpsstatus in feit. Salang't Feanwâldsterwâl net troch weryndieling yn ien gemeente komt te lizzen, is it tal adressen oan beide kanten lytser as de hûndert dy't nedich binne foar in eigen postkoade. Feanwâldsterwâl leit fan Feanwâlden út besjoen oer it spoar yn súdwestlike rjochting.

Der wenje sawat 400 ynwenners (2006). It doarpke wie eartiids in feankoloanje, mooglik fan menisten út Giteren. Dat soe ferklearje wêrom't der oant 1865 net allinnich in lytse minnistetsjerke wie, mar ek de sfear wat tinken die oan Giteren. Der wienen in soad brêgen en brechjes foar de huzen dy't de ienige ferbining mei de dyk wienen.

Yn de santiger jierren wie der yn Feanwâldsterwâl in FLB ljeppersplak.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: