Eastermar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eastermar
Flagge fan Eastermar Wapen fan Eastermar
Flagge Wapen
Lokaasje fan Eastermar
Gemeente Tytsjerksteradiel
Ynwennertal (2006) 1564
Webstee http://www.eastermar.nl
Havensje Eastermar

Eastermar is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súdeast fan de Burgumer Mar. De buorskippen It Heechsân en It Wytfean hearre ek ta Eastermar. Eastermar hat 1.564 ynwenners (2006). De kom fan it doarp lei by it Heechsân, op it sân fan in morene, 3m heger as de Burgumer Mar. Dêr stiet ek noch de tsjerketoer, út de 14e ieu. Troch de feanterij by it Wytfean waard de buorskip De Wâl, oan De Lits, fan mear belang, oant dy de kom fan it doarp foarme.

Fia de Sumarderwei hat it doarp ferbining mei Sumar; de Toerleane ferbynt it mei it Heechlân en slút dêr oan op de yn 2007 Skûlenboargerwei, nei Skûlenboarch. De Lits ferbynt it doarp nei it noarden ta mei de Burgumer Mar en nei it suden ta mei de De Leien. Yn 2007 is der in natuerpaad om De Leien oanlein.

Om betizing mei Hoogezand yn Grinslân foar te kommen wurdt ek wol Heechsân-Eastermar sein.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Eastermar op in kaart út de atlas fan Blaeu, ± 1630
Kûliselânskip ten noarden fan Éastermar op de hichte fan it Heechsân

Al yn 4000 f. Kr. wennen der nomaden yn de kontrei. Oan de Burgumer Mar is in wichtige argeologyske fynst dien dêr't soks út bliken docht. Dizze fynst stiet bekend as it Leien-Warten Kompleks. Om Eastermar hinne binne ek mammoetkiezzen en gouden ringen fûn. Se lizze yn it Streekmuseum Burgum. De earste boeren fêstigen har op de hegere grûn be-easten de Burgumer Mar. De earste stienen tsjerke waard om 1200 boud op it plak dêr't no it tsjerkhôf op It Heechsân is, mar de mienskip moat in pear ieuwen âlder wêze. Yn de midsieuwen stienen der al meardere pleatsen om de tsjerke hinne en oan de noard- en súdkant fan It Heechsân.

Tusken 1500 en 1750 waard der op grutte skaal ferfeante, dêr't de omjouwing tige troch feroare. Doe't it fean nei 1750 op rekke waarden de bewenners wer boer. De mar De Leien is ûntstien út de feanôfgraving. Op in kaart út 1605 is goed te sjen dat it hjoeddeiske Heechsân doe Eastermar hiet. Dêrop is ek goed te sjen dat de Burgumer Mar (ûntstien yn de iistiid) der wol wie, mar De Leien noch net.

Tusken de Burgumer Mar en De Leien, op in krusing tusken wei en wetter (De Lits) is wyls in buorskip fan feanarbeiders , ûntstien: de Wâl. It waard in plak fan skipfeart, hannel en ambacht en waard de wichtichste kearn yn it gebiet. Nei de ferfeanting is de âlde kearn op It Heechsân stykjen bleaun yn ûntwikkeling. Dêrtroch is de buorren fan it doarp no yn Eastermar en de oarspronklike tsjerke op it Heechsân.

Nei de feanterij brochten boeren it lân yn kultuer, soks wie yn 1920 klear. It lânskip wurdt no ûnderhâlden, mei om de histoaryske wearde fan ûnder oare it kûlisselânskip. De feriening Eastermarder Lânsdouwe, hâldt him dêr ek mei dwaande.

Geology

Nei Eastermar is it Eastermar Ynterglasiaal neamd. It 'Eastermar Ynterglasiaal' is in matich-waarme perioade út it Midden Pleistoseen.
De omjouwing fan Eastermar hat in eigen kûliselânskip mei houtwâlen (dykswâlen).

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

De feriening foar Doarpsbelangen is oprjochte op 15 maart 1915 mei de namme ' Vereniging: Plaatselijk Belang'. It doarpshûs hjit nei in priisfraach ‘De Kjellingen’. It nije gebou krige dizze namme nei in priisfraach om foar de tydlike namme Klustermar in nije namme te betinken. De Kjellingen is in ferheging yn it lânskip dêr’t har sa’n santûzen jier lyn minsken nei wenjen setten. Der binne twa skoallen: De Bolster en De Balsemyn. It doarpskrantsje BREEDút ferskynt tsien kear yn't jier en is ek te lêzen op de webstee fan it doarp. Der is alle jierren in doarpsfeest en it strjittefestival dat sûnt 2000 hâlden wurdt hjit 'It Easterbarren'.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Sûnt 2000 wurdt der alle jierren in strjittefestival hâlden, it Easterbarren. Yn ferskillende strjitten yn it sintrum steane poadiums foar muzyk, teater, kabaret, dûns, skilderkeunst en akrobatyk.
  • By it Snertbarren kin de snertbarrenwikseltrofee wûn wurde. De winner mei him in jier lang de bêste snertmakker fan it doarp en omkriten neame. Der is wurdt ek in Snertkuiertocht holden.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Bekende Eastermarders[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Oer de Strjitten fan Eastermar

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>