Ryptsjerk

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Ryptsjerk
de himrik fan Ryptsjerk

Ryptsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It doarp hat likernôch 835 ynwenners (2006). Ryptsjerk leit tusken de Trynwâlden en de N355. Mei de doarpen Gytsjerk, Aldtsjerk, Oentsjerk, Readtsjerk en Mûnein leit it op de sânrêch Trynwâlden. By it doarp leit ek rekreaasjegebiet de Grutte Wielen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De namme Ryptsjerk is ôflaat fan Riperkerka, tsjerke op in ripe, in s6anrêch. It efterheaksel "ryp" of "ripe" komt wol yn mear plaknammen foar.

Neamde sânrêch is in restant fan de l6este iistiid, dy't sawat 200.000 jier lyn yn Fryslân hearske. Op dizze sânrêch leit it hjoeddeiske Easterdyk, de âldste wei fan it doarp. Yn de 14e ieu wurdt foar it earst melding makke fan Riperkerka, in delsetting fan viskers, turfmakkers en reidsnijers. Wierschynlik waard der ek al tige intinsyf buorke. Yn de rin fan de jierren waarden Binnendyk en Westerdyk oanlein, parallel rinnend mei de Easterdyk en ûnderling ferbûn troch Ypeysingel en Breedyk, wêrtroch it doarp min ofte mear syn hjoeddeiske foarm krige. Doe't de mins learde om it wetter te behearskejn, luts it doarp mear boeren oan en dit brocht op lytse skaal wat wurkgelegenheid op. Dochs bleau der noch lange tiid reidkultuer en turfoanmeitsjen bestean. It byld "de Leiker" herinneret noch oan it opbaggeljen fan de "klyn", de grûnstof foar turf. De lêste binnenfisker is yn 1988 ferstoarn.

[bewurkje seksje] Gebouwen

Ljouwert dat earder ek al it bestjoerssintrum wie fan Fryslân leit net fier fan Ryptsjerk. Sângrûn is boskryk en dêrom stiften in soad bestjoerlike pommeranten simmerwenten yn de Trynwâlden, yn Ryptsjerk en yn Tytsjerk. Ryptsjerk hie trije aadlike huzingen, it noch besteande Fiversburch, Ulenburgh-state en Hearma-state. Fan dit lêste bûten, dat om 1850 ôfbrutsen wêze moat, is net folle mear bekend. Ulenburgh-state, oan de Easterdyk lizzende en yn 1708 ôfbrutsenwie it simmerferbliuw fan Rombertus van Ulenburgh, boargemaster fan Ljouwert. Syn dochter Saskia wie de frou fan Rembrandt van Rijn, de Nederlânske skilder út de Nederlânske Gouden Ieu. Oer Fiversburch, dat sûnt 1970 op het grûngebiet fan Tytsjerk leit (de Rykswei Ljouwert-Gruins foarmet no de grins tusken beide doarpen), is mear te fertellen.

Yn 1808 kocht de begoedige Age Looxma dit bûten. Syn dochter Baudina boaske mei de arts Nicolaas Ypey, berne út in laach fan yntellektuelen. Rykdom, saaklik ynsjoch en yntellekt waarden sa gearfoege. Hja krigen in soan Age dy't as frijfeint, yn syn testamint út 1892 bepaalde dat al syn besittings, dy't rûsd waaarden op wol fl. 1.500.000,-, ûnderbrocht wurde soene yn in stifting. De wichtichste bepaling yn it testamint wie wol dat "âldere behoeftigen út de doarpen Ryptsjerk, Tytsjerk en Hurdegaryp yn 20 te bouwen wenten harren âlde dei trochbringe meie". Oant de dei fan hjoed binne de huzen bewenne. Trochdat de oerheid in soad sosjale soarch foar de âlderein mooglik makke, is it net allinnich mear de âlderein dy't der wenje meie, mar wurde de wenten normaal ferhierd troch de trije reginten dy't it behear hawwe oer de "Stifting op Toutenburch" yn Swarteweisein.

[bewurkje seksje] Tsjerke

Uteraard is ien fan de markantste gebouwen fan it doarp de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, dy't om 1750 hinne boud is. It is gjin wichtich kultuerhistoarysk monumint. In âlder tsjerkje moat stien hawwe by it eardere slúske, wêr't de Easterdyk útkomt op de Slachtedyk. Yn de toer hinget in tigemoaie liedloke, getten yn 1546. Twa foarstellingen op de sydkant byldzje Simson út yn gefjocht mei de liuw, en Delila dy't in spear draacht. Wolhast seker binne se bedoeld as symboalen, wizend op de gefaren foar de yn selibaat libjende roomske geastliken. De sterke Simson fersloech de liuw, mar wie tsjin in ferliedlike frou net opwoeksen. Hoewol't de klok yn 1943 troch de Dútse besetter roofd waard, is de 598 kilo swiere kolos geef weromkomd fan in opslachplak yn Gythoarn.

[bewurkje seksje] Utwreiding

It is wol singelier dat, wêr't yn doarpen as Tytsjerk, Hurdegaryp en Gytsjerk/Oentsjerk sûnt de jierren 50 in soad nijbou ferriisde, dit yn Ryptsjerk net barde. Pas sûnt de 70-er jierren is der in, al is it beskieden, groei te sjen. Hjoed de dei foarmje de "allochtoanen", meast amtners en pensjonearden, in wichtige oanfolling op it autochtoane diel dat frijwat honkfêst is. Mooglik kin de beynfloeding fan beide kanten in positive útwurking krije op beide groepen.

[bewurkje seksje] Mienskip

It Doarpshûs fan Ryptsjerk hjit De Einekoer. De doarpskrante, 'Doarpslibben', is ek online te besjen.

[bewurkje seksje] Ferienings=

  • Excelsior - muzyk
  • VV Rijperkerk - fuotbal

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Bekende ynwenners

[bewurkje seksje] Strjitten

Binnendyk, Breedyk, De Opslach, Easterdyk, Heermawei, IJpeijsingel, Nijlânswei, Reidikker, Ryksstrjitwei, Slachtedyk, Tsjerkelânsreed, Westerdyk.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

53° 13' NB, 5° 55' EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen