Rembrandt van Rijn
|
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen. |
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Rembrandt van Rijn (15 july 1606 of 1607, Leien – 4 oktober 1669, Amsterdam) wie in Nederlânske keunstskilder yn de 17e ieu.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Libben
Rembrandt waard berne yn Leie as 'Rembrandt Harmenszoon van Rijn', nei alle gedachten op 15 july fan 1606 of 1607. Hy wie ien fan de njoggen bern fan in mealder en in bakkerstochter. Yn 1621 waard er foar trije jier yn de lear dien by de skilder Jacob van Swanenburgh. Om 1625 hinne wie er in koart skoft yn de lear by Pieter Lastman, mar dêrnei begûn er foar himsels.
Yn 1631 ferfarre er nei Amsterdam, dêr't syn klanten wennen. Hy kaam te wenjen by keunsthanneler Hendrick Uylenburgh. Yn 1634 boaske er my dy syn healnicht Saskia fan Uylenburgh, fan Ljouwert. Tegearre krige it pearke fjouwer bern, mar allinnich de jongste, Titus, berne yn 1641, bleau yn wêzen. Net folle letter ferstoar Saskia.
Letter wenne Rembrandt mei Hendrickje Stoffels, dy't yn 1654 in famke krige, Cornelia ferneamd nei Rembrandt syn mem. Hendrickje ferstoar yn 1663, en Titus yn 1668. Doe't Rembrandt ferstoar, 4 oktober 1669, hied er allinnich noch syn dochter Cornelia. Rembrandt waard begroeven yn de Westertsjerke yn Amsterdam.
[bewurkje seksje] Wurk
Rembrandt hat in lytse 3.000 wurken makke, dêrfan in 600 skilderijen en in 300 etsen. It krekte oantal is net wis, ûnder oaren om't in tal fan de wurken dy't yn it ferline oan him taskreaun binne mûglik troch neifolchers makke binne.
Karakteristyke motiven foar Rembrandt binne foarstellings út de religy en de mytology, mar hy hat ek in útsûnderlik grut tal selsportretten makke, hast 100, dy't tegearre it ferhaal fan syn libben skilderje. Rembrandt wurke in soad mei ljocht en tsjuster, wat tegearre mei it realistysk werjaan fan ûnfolsleinichheden de taskôger behellet by de foarstelling.
It ferneamste wurk fan Rembrandt is de Nachtwacht, dy't yn it Ryksmuseum yn Amsterdam hinget.
[bewurkje seksje] Selsportretten
-
In jonge Rembrandt, c. 1628, 22 jier. Diels in oefening yn chiaroscuro. Ryksmuseum
-
Fleurige pose, ek fan ± 1628, resint werûntdutsen.[1]
-
Role-playing in Selsportret as in orientaalske potentaat mei in kris, ets, 1634.
-
Datearre 1669, it jier dat er ferstoar, hoewol't er op oare portretten folle âlder liket. National Gallery
[bewurkje seksje] Oar wurk
-
thumb|200px|De Nachtwacht, nei 1715]]
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- Ryksmuseum yn Amsterdam
- Rembrandthûs yn Amsterdam
- Rembrandt yn Amsterdam
- Keninklike Bibleteek - dossier Rembrandt
- Rembrandt: libben en wurk
- Web-dokumintêre 'De Mona Lisa van Warschau'/Myn passy foar Rembrandt' (NOS)
- Rembrandt Undersyks Projekt
- Artchive, 'Rembrandt one man show' sân skilderijen mei hege resolusje te sjen.
- Selfportretten
- Bijbels werk, in kar út Rembrandts sa. 300 bibelske skilderijen, printen en etsen.
- Mole fan Sleat en Rembrandt op soulder
- http://www.rembrandt400.nl.