Ets
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
In ets is in djipdruktechnyk wêrbei't tekene wurdt op in mei fernis ôfdutsen koperen of sinken plaat. De tekening wurdt dêrnei op de net troch it fernis beskerme dielen ynfretten mei in soer en op fochtich papier ôfdrukt.
De etstechnyk is om 1400 hinne yn Jeropa ûntstien fan de wapensmidterijen út. Yn dy wurkpleatsen brochten wapensmidten mei skerpe beitels fersieringen oan yn harnassen en wapens. As dat gravearwurk klear wie dan waard dy opfolle mei in swart emalje, niéllo, en waard der in wiet stik papier oerhinne lein. De niéllo luts foar in part yn it papier en sa ûntstie in print fan de makke gravuere. Sa'n print waard feitlik mar foar ien doel brûkt, it fungearre as staalkaart foar it fakmanskip fan de wapensmid. Goed reklamemateriaal foar nije klanten, wêrby't we ús realisearje moatte dat de printen altyd yn spegelbyld wiene.
[bewurkje seksje] Bekende etsers
- Louis Apol
- Abraham Bosse
- Jules De Bruycker
- Honoré Daumier
- Albrecht Dürer
- James Ensor
- Tim Hinterding
- Pieter Holstein
- Anne Huitema
- Simon Koene
- Lucas van Leyden
- Wim van der Meij
- Hendrikus Elias Roodenburg
- Gerard van Rooy
- Rembrandt van Rijn
- Hercules Segers
- Jos Stam
- Hans Vredegoor
- Félicien Rops
- Armand Rassenfosse
- Maurits Cornelis Escher