Drukparse

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Degelparse, 1811

In drukparse is in masine dy't brûkt wurdt om tekst en/of ôfbyldingen yn oplage te fermannichfâldigjen.

It âlste type drukparse yn Europa is de degelparse. Dizze bestiet út in stellaazje fan in ûnderplaat dêr't de drukfoarm op leit en in boppeplaat (degel). De drukfoarm wurdt mei de hân yninkte. Dan wurdt der in fel papier op de drukfoarm lein. De degel kin mei help fan in spindel omleech draaid wurde oant op de drukfoarm. Troch it oandraaien fan de degel tsjin it papier ûntstiet de ôfdruk. De âldste Europeeske drukparsen binne te sjen yn it Plantin-Moretus museum yn Antwerpen. It Frysk Grafysk Museum op De Jouwer hat in grutte kolleksje op it mêd fan drukken.

Yn de rin fan de ieuwen is de degel modernisearre. Letter waarden silinderparsen en rotaasjeparsen ûntwikkele wêrtroch't de produksjesnelheden folle heger waarden.
Yn de tweintichste ieu kaam it offsetprosedee yn swang. Dêrneist besteane der parsen foar folydruk, djipdruk, seefdruk en tampondruk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]