Ryksmuseum Amsterdam
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
It Ryksmuseum Amsterdam, meastentiids Ryksmuseum, of koartwei it Ryks, neamd, is it grutste en wichtichste ryksmuseum fan Nederlân. It leit tusken de Stadhouderskade en it Museumplein yn it Amsterdamske stêdsdiel Amsterdam-Súd en joutyn goed 200 sealen in oersjoch fan de Nederlânske keunst en skiednis. In grut part fan de goed 1 miljoen foarwerpen tellende kolleksje bestiet út wurken fan 17e-ieuske Nederlânske masters. Yn it gebou is teffens it Ryksprentenkabinet fêstige. It Ryksmuseum is eigendom fan de Steat (Ryksgebouwentsjinst) en stiet op de list fan de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten. It haadgebou is oant 2013 ticht yn ferbân mei ferbouwing. By de ferbouwing bliuwe de 17de-ieuske topstikken foar it publyk te sjen yn de Philipsfleugel. Dêr wurde ek lytse wikseljende tentoanstellings hâlden.