Sumar

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Sumar
de himrik fan Sumar

Sumar is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súd fan Burgum. It doarp hat likernôch 1.425 ynwenners (2006). Under Sumar falle de buorskippen Sumarreheide en De Harste.

De namme komt fan besuden de {Burgumer) Mar dêr't in sânrêch lei. East fan it tsjerke binne bewenningsresten út de 12e ieu fûn. Yn in ferdrach mei Grins wurdt de namme Sumar yn 1447 foar it earst neamd. De dorpstsjerke út (1769) is it âldste gebou fan Sumar.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

De Feriening Doarpsbelang fan Sumar is oprjochte yn novimber 1945. It hat as Werkgroepen: Skiednis, Kultuer en Natuer, Ympuls, behear Webside en Behear Lisplakken haven Sumar(CBL) en de Boarterstúnkommisje. De Koekoek is de doarpskrante dy't hast alle moannen ferskynt. De strjitten “De Jister” en “De Finne” hawwe tegearre de buertferiening Nij Begjin.

Master (Kornelis Lieuwes) De Vriesskoalle en De Wyngert binne de basisskoallen fan it doarp. Ien kear yn de twa jier is der in doarpsfeest. Pjutteskoalle is 'It Boartersplak'.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • De Harste- damjen
  • De Ofswaaiers - darten
  • De Kamp - biljerten
  • De Bleense - iisclub
  • De Harste - klaaidosjitten
  • De Indracht en De Lofstim - sjongen
  • Mei Nije Moed - toaniel
  • Lytse Mar - fûgelwacht
  • De Trochsetters - folksdûnsjen
  • Wurkgroep tsjerkûlen Sumar
  • vv Sumar - fuotbal

^Sf Sumar - gymnastyk, folleybal en Streetdance -

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Bekende ynwenners

[bewurkje seksje] Strjitten

Achterwei, Boskwei, Damsingel, De Finne, De Homeie, De Jister, De Vrieswei, Dr Prinswei, Ds Noordmansstrjitte, Grutte Buorren, Harstewei, Hearenwei, Heidereed, Iestwei, It Hoarnleger, It Houtsjepaad, Jelke Sjoerdsloane, Jose Vigevenowei, Joute van der Meerwei, Knilles Wytseswei, Lânsbuorren, Lytse Buorren, Middelpaad, Mienskerwei, Mûnepaad, Pastorijelannen, Polderdyk, S P Hoekstrawei, Solcamastrjitte, Susterwei, De Tikewei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

53° 11' NB, 5° 60' EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen