De Tike

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing De Tike
de himrik fan De Tike

De Tike is in doarp yn it noarden fan de gemeente Smellingerlân, tichteby it marke De Leien. It doarp hat likernôch 350 ynwenners (2004).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De omjouwing fan it doarp waard al foar de jiertelling bewenne. De namme Tieke is fermoedlik ôflaat fan it wurd Theeka. Yn in akte út it jier 1543 wurdt melding makke fan "een stuck leggende opt Theeka." Om 1700 stienen yn de omkriten in stik of wat pleatsen en meardere seaddehutten ferspraat yn it lânskip. Op 23 oktober 1952 waard offisjeel de status fan "doarp" ferliend en is op advys fan de Fryske Akademy de namme feroare yn De Tike.

De Tike leit fan âlds op de skieding fan twa gemeentes, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel. De grins rint lâns de Susterwei en de Polderdyk. De Susterwei is neamd nei de susters fan it eardere nonnekleaster yn Sigerswâld. Dizze nonnen rûnen hjir yn de 16e ieu lâns as hja nei de oare kleasters der omhinne gienen. Dizze ferbiningswei rûn doe dwers troch it gebiet wêr't no De Leien leit. By de Doktersheide is destiids ark fûn út de Tardenoisien kultuer (± 4500-1850 jier foar kristus).

[bewurkje seksje] Mienskip

De Gielguorde is sûnt 1929 de basisskoalle fan De Tike. It doarpshûs hjit Ora et Labora en stiet oan de master De Jongwei. De Heidehipper is de doarpskrante dy't fjouwer kear yn't jier ferskynt. Om de trije jier is it Doarpsfeest. Yn 2002 waard it 50-jierrich bestean fan it doarp fierd.

[bewurkje seksje] Ferienings

Der binne gjin sportferienings yn it doarp. Foar fuotbal moat men nei De Pein by vv ONT, in ôfkoarting fan Opeinde, Nijegea en de Tike.

  • SDG, Soli Deo Gloria - brassband
  • folksdûnsjen
  • toanielferiening
  • De Dwerssleat - havenferiening

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

Doktersheide, Durk Ljibbeswei, Harmsreed, It Leech, Leiensreed, Master de Jongwei, Master Iniawei, Peinderwei, Polderdyk, Singel, Susterwei, Wierren.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen