Burgumer Mar (mar)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Burgumermar mei dêrefter Burgum
Burgumermar

De Burgumer Mar leit ten easten fan Burgum. De oerflakte is 360 ha. It leit yn in leechte tusken eastlike en westlike sângrûnen. It Prinses Margrietkanaal ferdielt de mar yn in noardlik en in súdlik diel. It farwetter yn súdlike rjochting slút oan op it kanaal De Lits dat nei De Leien rint. Oer de Lits ferfierde men earder turf. Yn noardlike rjochting foarmet De Swemmer de rûte nei de Lauwersmar.

It is in populêr wettersportgebiet mei ferskillende jachthavens. Yn it noardlike diel, tichtby De Westerein is oan de westkant in oanlissteiger fan de Marrekrite. By de wâl, spesjaal de eastkant, moat men rekken hâlde mei ûndjipten.

Nei de Burgumer Mar is it sylboattype BurgumerMarklasse neamd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]