Jistrum
|
|||||
| Gemeente | Tytsjerksteradiel | ||||
| Ynwennertal (2006) | 904 | ||||
| Webstee | http://www.jistrum.nl | ||||
Jistrum is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, noardeast fan de Burgumer Mar. It doarp hat likernôch 920 ynwenners (2008).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Tsjerke
De Wikipedy hat ek in side Sint-Petrustsjerke (Jistrum).
De Nederlânsk herfoarme Sint-Petrustsjerke datearret fan de 13e ieu, al yn ± 1230 melding makke wurdt fan de tsjerke as eigener fan greide yn de mieden. It is in gebou yn Romaanske styl mei goatyske finsters. Opfallend binne de lytse rútsjes yn it skip fan de tsjerke dy't ek wol leproazerútsjes neamd waarden. Boppe-op de toer stiet in wynwizer yn'e foarm fan in hynder.
Jistrum leit oan it Fryske Wâldenpaad.
[bewurkje seksje] Mienskip
Pleatslik belang set him yn foar de belangen fan Jistrum/Skûlenboarch. Sûnt 2005 hat Jistrum wer in muzykkoepel. Oant de jierren fjirtich stie yn it doarp ek in koepel, mar dy is doe fuorthelle omdat er bot fertuteaze rekke wie. De Finne is de basisskoalle fan it doarp.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Joost Wiersma - fanfare
- Fuotbalferiening Jistrum. It fjild en de kantine lizze oan de Fjildwei.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Achterwei, Buorrefinnewei, Buertleane, De Geasten, De Meren, Fjildwei, Heidewei, Hessel Loonstrastrjitte, Ieswei, Joost Wiersmawei, Koaiwei, Marwei, Miedwei, Ryksstrjitwei, Rûnhof, Skoallestrjitte, Tillepaad, Tillewei, Wyldpaad.
[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier
- Line 13: Stienwyk - Eesfean - Nijensleek - Frederiksoard - Willemsoard - Noardwâlde - Sânhuzen - Aldeberkeap - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Lippenhuzen - De Gerdyk - Terwispel - Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Hurdegaryp - Tytsjerk - Ljouwert
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|