Droegeham

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Droegeham
Himrik fan  Droegeham
Gemeente Achtkarspelen
Gritenij Achtkarspelen
Stimmen 27
Ynwenners (2008) 1749
Huzen 700
Koördinaten 53° 12' NB, 6° 6' EL
Netnûmer 0512
Postkoade 9289
Webstee www.drogeham.com


Droegeham is in doarp yn it westlik part fan de gemeente Achtkarspelen. It doarp leit oan de súdkant fan it Prinses Margrietkanaal. Droegeham hat 1759 ynwenners (1 jan. 2005) en leit op in sândbulte wêrtroch it doarp yn it ferline by oerstreamings droech bleau. De namme is rjochtstreeks ôflaat fan de lizzing; in droege lântonge tusken it wetter. Ham betsjut ek in fan de dyk ynsletten stik lân. De 'Tarissing' is de basisskoalle fan it doarp.

It doarp wie earder yn haadsaak rjochte op de lânbou. Tsjintwurdich hawwe in soad fan de ynwenners harren wurk yn omlizzende plakken lykas Drachten, Ljouwert en Surhústerfean.

De NAM boarret yn 2007 opnij nei gas by Droegeham. By it doarp waard yn 1980 ek al nei gas boarre, mar dat waard dêr doe net fûn. Der wurdt tocht dat it der wol wêze moat.

Hamster Klokkestoel

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

Dorpskrante fan Droegeham hjit "Brinkpraat"

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferieningen

  • Fuotbalferiening Droegeham - fuotbal
  • All together - gospel
  • Mei fleur en faesje - toaniel
  • Dacapo - brassband
  • Sterke Yerke - folleybal
  • De Delte - tennis
  • The Slotstee Bulls - darts

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • It grutste evenemint yn Droegeham is de "Gondelfeart op Tsjillen" dat elk jier yn septimber holden wurdt en dêr't tûzenen minsken op ôf komme.
  • Oare weromkommende eveneminten binne "De Ronde fan de Kerspelen", in hurdfytsronde foar amateurs en in grut Concours Hippique.
  • In 'Droegehamster' is ek de beneaming fan in net al te fette ko.
  • Jan Dotinga, de Fryske skriuwer, wie fan 1969 oant 1985 haad fan legere skoalle fan Droegeham. Oant 1992 wie er dêr learaar by it basisûnderwiis.

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Droegeham.

[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen