Walburga
Walburga, Walburgis of Walburch (Devonshire, Wesseks, om 710 - Heidenheim, 25 febrewaris 779) wie in dochter fan kening Richard fan Wesseks en in suster fan Willibald fan Eichstätt en Winebald.
Se waard non en evangelisearre fanôf 748 yn it hjoeddeiske Dútslân mei ûnder mear Bonifatius en har bruorren. Letter waard se abdisse fan Heidenheim.
Neffens de oerlevering kaam der genêskrêftige oalje út in rots dêr't har relikwyën op stiene. De nacht fan 1 maaie, de dei dat har relikwyën yn 870 nei Eichstätt oerbrocht waarden, wurdt de Walpurgisnacht neamd en markeart it begjin fan de simmer.
Neffens de Roomske tradysje, kan de help fan de hillige Walburga oanroppen wurde tsjin hûnsdûmens, hoast, pest, eachsykten, stoarmen, hongersneed en in soad oare pleagen. Hja is patrones fan boeren, skippers, seelju en h6usdieren. Se is ek de beskermhillige fan Netterden, Oudenaarde, Veurne, Antwerpen, Sutfen, Grins en it bisdom Plymouth.
Har nammedei is op 25 febrewaris (en op 1 maaie).
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saint Walpurga fan Wikimedia Commons. |