Plymouth (Ingelân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Plymouth
EnglandPlymouth.png
Sifers
Ynwennertal 258.700 (2010)
Oerflak 79,8 km²
Befolkingstichtens 3242,7 / km²
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Regio Súdwest Ingelân
Greefskip Devon
Oar
Tiidsône GMT (UTC+0)
*Simmertiid (UTC+1)
Webside www.plymouth.gov.uk
Drake-eilân yn de Plymouth Sound
Sutton Harbour Lock Gates

Plymouth [ˈplɪməθ]? (Nederlânsk, âldfrinzich: Pleimuiden) is in stêd (city) en unitary authority yn de Ingelske regio Súd West Ingelân.

Plymouth leit yn it Britske greefskip Devon. It is in havenstêd fan belang en lûkt ek in protte toeristen. Teffens sit dêr yn relatyf grutte universiteit.

Spoarstasjon Plymouth waard earst yn 1877 iepene.

Plymouth hat in grutte en moaie natuurlike haven, de Plymouth Sound. Ut dy haven wei sette op 16 septimber 1620 de Mayflower ôf nei Amearika; oan board wienen ûnder oaren 40 dissinters, om harren leauwe ferfolge sektaryske protestanten. Sy stichten yn Amearika de Plymouth koloanje. Yn de Plymouth Sound leit Drake's Island, dêr sette Sir Francis Drake yn 1577 syn reis om de wrâld útein.

Al yn de Twadde Wrâldkriich hie Plymouth in wichtige marinebasis. Basis en stêdssintrum binne yn 1941 swier bombardearre troch de Dútske Luftwaffe. Goed 3.700 huzen waarden ferneatige en mear as 1000 boargers ferlearen doe it libben.

Berne yn Plymouth[bewurkje seksje | edit source]