25 febrewaris
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
18 - 19 - 20 - 21 - 22 - 23 - 24 - 25 febrewaris - 26 - 27 - 28 - (29) - 1 - 2 - 3 - 4
25 febrewaris is de 56e dei fan it jier.
Der folgje noch 309 dagen (yn in skrikkeljier noch 310).
Foarfallen [bewurkje seksje]
- 1623 - De hartoch fan Beieren wurdt keurfoarst; dit as beleanning foar syn steun oan keizer Ferdinand II yn de striid tsjin it opstannige Bohemen.
- 1643 - Willem Kieft, gûverneur fan Nij-Nederlân, jout opdracht foar in strafekspedysje ûnder de Yndianen in de koloanje. Dat is it begjin fan de Oarloch fan Kieft.
- 1803 - Lêste gearkomste fan de Ryksdei fan it Hillige Roomske Ryk yn Regensburg. Yn de ReichsDeputationsHauptschluss wurdt it oantal soevereine steaten yn it Dútske Ryk werombrocht fan 1800 ta likernôch 60.
- 1902 - It Londense publyk stiet fersteld by de demonstraasje fan de earste stofsûger troch Hubert Booth.
- 1921 - It Reade Leger nimt Geörgje yn.
- 1941 - Febrewarisstaking.
- 1952 - Sluting fan de Olympyske Winterspullen yn Oslo, Noarwegen.
- 1973 - Atje Keulen- Deelstra wurdt yn Strömsund foar de tredde kear wrâldkampioen reedriden Oer-alles.
- 1980 - Steatsgreep yn Suriname, troch ûnder oaren Desi Bouterse en Roy Horb: de Sersjantenkûp
Berne [bewurkje seksje]
- 1731 - Simon Stijl, Harnzer dokter en skriuwer
- 1794 - Gerrit Schimmelpenninck, Nederlânsk politikus en sakeman († 1863)
- 1822 - Jacobus Cornelis Bloem, Nederlânsk politikus († 1902).
- 1841 - Pierre-Auguste Renoir, Frânsk ympresjonistyske skilder († 1919).
- 1921 - Henk Scheltes, Nederlânsk sjoernalist en kryptograaf († 1987).
- 1943 - George Harrison, Brits popmuzikant († 2001)
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 1713 - Freark I, kening fan Prusen
- 1899 - Paul Reuter, oprjochter fan it parseburo Reuters (* 1816).
- 1964 - Maurice Farman, Frânsk "Grand Prix motor racing" kampioen, fleander en fleanmasine ûntwerper en -bouwer (* 1877).
18 - 19 - 20 - 21 - 22 - 23 - 24 - 25 febrewaris - 26 - 27 - 28 - (29) - 1 - 2 - 3 - 4
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier