Gerrit Schimmelpenninck

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gerrit Schimmelpenninck

Gerrit graaf Schimmelpenninck (Amsterdam, 25 febrewaris 1794 - Arnhim, 4 oktober 1863) wie in Nederlânsk sakeman en steatsman fan myld liberaal oant konservative politike opfettings. Riedspinsjonaris Rutger Jan Schimmelpenninck wie syn heit. Hy wie lid fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Schimmelpenninck folge de legere skoalle yn De Haach en krige letter privee-ûnderwiis op Bûtenpleats Diepenheim. Hy studearre Romeinsk- en modern rjocht oan de Universiteit Leien, mar beëinige dy stúdzje al nei in jier yn 1813 om syn âlderlike bûtenpleats beweitsje te kinnen om reden fan de komst fan de alliearde troepen.

Schimmelpenninck syn wurkpaad begûn as sakeman by it hannels- en bankiershûs "Staphorst" yn Amsterdam, dêr't er dielhawwer waard fan 1818 - 1827. Yn 1824 waard er direkteur fan de Nederlandse Handelmaatschappij en yn 1827 sels foarsitter, oant er fan 1834 oant 1836 Sekretaris fan Steat waard. Yn 1832 waard Schimmelpennick lid fan de Ried fan Steat yn bûtengewoane tsjinst en 1834 waard er adele mei de titel fan greve by earstberte. Yn 1836 krige er in sit yn de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal (oant 1849), waard minister fan steat (foar it libben) en 1837 waard er dêrnjonken bûtengewoan gesant en folmachtich minister yn Sint-Petersburch (1837 - 1840). By de ynhuldiging fan Kening Willem II droech er rykskroan op in kessen. Dêrnei hat er in stikmannich jierren sûnder amt west om in biografy oer syn heit skriuwe te kinnen om yn 1846 op'en nij bûtengewoan gesant en folmachtich minister te wurden, ditkear yn Londen.

Yn 1848 hie senator Schimmelpenninck krityk op de earste lêzing fan haadstik III oer de Steaten-Generaal fan de nije grûnwet dat hy stimde tsjin. Hy wie nammentlik foarstanner fan it Britske model, dat de Kening de Senaat beneame liet. Itselde jier hellet kening Willem II him nei Nederlân om tydlik minister fan Bûtenlânske Saken en Finânsjes en teffens de earste foarsitter fan de ministerried te wurden. Faaks die Willem II dat fral om de ûntwerper fan de nije grûnwet, Thorbecke, út it kabinet te hâlden. Maart 1848 waard er foarsitter fan de ministerried.
Syn útstel om in Grûnwet neffens Britsk model te meitsjen, wêrby't ûnder oaren de Earste Keamer, dy't net te ûntbinen wie, troch de Kening beneamd wurde soe, waard troch syn kollega-ministers fersmiten. Hy frege ûntslach op 14 maaie 1848; dat waard 17 maaie akseptearre.

Dêrnei gie er oant 1852 wer oan'e gong op syn âlde post yn Londen. Yn 1851 kaam er yn de gemeenterie fan Diepenheim en yn 1853 waard er foar in goed jier yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal keazen, nei in twadde stimming. It jier dêrnei wie er gjin gadingmakker en yn 1855 ferlear er de ferkiezings. Ein jierren 1850 wie er noch ficepresidint fan de algemiene gearkomst en Ried fan Kommissarissen fan de Nederlandsche Rhijnspoorweg-Maatschappij.

Houlikken[bewurkje seksje | edit source]

Schimmelpenninck hat trijris troud west, mei:

  • Henriëtte Euphemia Johanna Stulen (1815, stoarn 1816)
  • Johanna Philippina Frederica Carolina Constantina baronesse van Knobelsdorff (1819, stoarn 1852) - sy krigen fiif soannen (ûnder oaren: Rutger Jan Schimmelpenninck van Nijenhuis) en trije dochters
  • Louise Charlotte Jeannette van Schuylenburch (1855) - widdo fan Schimmelpenninck syn sweager

Schimmelpenninck is yn 1849 beneamd ta kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en yn 1851 ta Grutkrús yn de Oarder fan de Eikekroan.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]