Siep Posthumus
Ut Wikipedy
Sijbrandus Auke (Siep) Posthumus (Frjentsjer, 29 april 1910 - Nootdorp, 25 febrewaris 1987) wie in Nederlânsk politikus.
Posthumus wie in Fryske notarissoan dy't nei syn stúdzje gemy yn Delft lange tiid in ynfloedrike posysje hie yn de fraksje fan de PvdA yn de Twadde Keamer. Hy wie ûnder mear fraksjesekretaris. Yn syn studintetiid wy hy aktyf yn de frijsinnich-demokratyske jongereinorganisaasje. Hy wie deskundich op it mêd ferfiers- en enerzjyfraachstikken. Hy rûn yn de jieren fyftich in wethâlderskip yn Rotterdam mis troch in ferkearsoertreding. Posthumus waard steatssekretaris fan ferfierssaken yn it kabinet-Cals.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |