19 febrewaris
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
12 - 13 - 14 - 15 - 16 - 17 - 18 - 19 febrewaris - 20 - 21 - 22 - 23 - 24 - 25 - 26
19 febrewaris is de 50e dei fan it jier.
Der folgje noch 315 dagen (yn in skrikkeljier noch 316).
Foarfallen [bewurkje seksje]
- 197 - Keizer Septimius Severus ferslaat syn rivaal Klodius Albinus by Lugdunum yn ien fan de grutste fjildslaggen fan de skiednis fan it Romeinske Ryk; teffens de Romeinske boargeroarloch 193-197.
- 1674 - Ingelân en Nederlân tekenje de Frede fan Westminster. In ûnderdiel dan dizze oerienkomst is dat de koloanje Nij-Amsterdam ûnder ingelsk gesach. Se werneame it New York.
- 1928 - Sluting fan de Olympyske Winterspullen yn Sankt Moritz, Switserlân.
- 1937 - Keninginne Wilhelmina ûndertekenet in Keninklik Beslút wêryn stiet dat read, wyt en blau de kleuren fan de flagge fan it Keninkryk fan de Nederlannen binne.
- 1946 - Earste útstjoering fan it AVRO-radioprogramma Arbeidsvitaminen.
- 1959 - It Feriene Keninkryk jout Syprus har ûnôfhinklikheid.
- 1984 - Sluting fan de Olympyske Winterspullen yn Sarajewo.
- 1986 - De Sowjetuny lansearret it Mir romtestasjon.
- 1997 - Ierdbeving fan 3,4 op de Skaal fan Richter by Roswinkel yn Drinte
Berne [bewurkje seksje]
- 1473 - Nicolaus Copernicus, wiskundige, arts, jurist en stjerrekundige dy't bekend wurden is troch syn ideeën oer de struktuer fan it sinnestelsel.
- 1800 - Jevgeni Baratynski, Russysk dichter († 1844).
- 1806 - Douwe Egberts, soan fan Egbert Douwes de stifter fan it hjoeddeiske Douwe Egberts (* 1755).
- 1861 - Steffen Bartstra, Nederlânsk-herfoarme dûmny en Frysk skriuwer († 1945).
- 1894 - Rost van Tonningen, Nederlânsk politikus, foarman fan it Nederlânske nasjonaal-sosjalisme dy't kollaborearre mei de Dútske besetters (* 1945).
- 1904 - Hans van der Kallen (Havank), Nederlânsk skriuwer († 1964).
- 1938 - Berber van der Geest, dichteresse en skriuwster.
- 1939 - Roel Slofstra, Fryske trûbadoer.
- 1944 - Arnold Heertje, Nederlânske ekonoom en skriuwer fan studzjeboeken.
- 1949 - Grietine Molenbuur, turnster, dûnseres, koreografe, artistyk liedster Dûnsgroep Duende
- 1958 - Helen Fielding, Ingelsk skriuwster fan kollumns en boeken.
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 197 - Klodius Albinus, Romeinske keizer.
- 1620 - Roemer Visscher, Nederlânske skriuwer
- 1670 - Frederik III, Deenske kening
- 1887 - Multatuli, Nederlânsk skriuwer (* 1820).
- 1952 - Knut Hamsun, pseudonym fan Knut Pedersen, wichtich Noarske romanskriuwer (* 1859).
- 1994 - Renske Vellinga, Frysk hurdrydster
12 - 13 - 14 - 15 - 16 - 17 - 18 - 19 febrewaris - 20 - 21 - 22 - 23 - 24 - 25 - 26
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier