Skaal fan Richter

Ut Wikipedy

De skaal fan Richter is de wize dêr't de krêft fan in ierdskodding mei waarnomd wurdt. De skaal is opsteld troch de Amerikaanske seismolooch Charles Francis Richter yn 1935. It is in logaritmyske skaal fan de sterkte fan de trillings, lykas dy mjitten wurde op it seismogram.

De sterkte wurdt berekkene oan de hân fan de registraasje fan de maksimale útslach (amplitude) dy't de horizontale beweging fan de ierdskodding makket. De sterkte wurdt de magnitude neamd, krektas it begryp yn de stjerrekunde om de helderheid fan in stjer mei oan te jaan. Richter omskreau in ierdskodding mei magnitude 3 as in ierdskodding op de seismograaf in útwyk fan 1 mm sjen lit op in ôfstân fan 100 km fan it episintrum.

Charles Richter, 0m 1970

De skaal fan Richter is logaritmysk, dat betsjut dat by in tanimming fan 1 magnitude-ienheid de útwiking op it seismograaf tsien kear sa grut is. Sa hat in ierdskodding dy't op 100 km ôfstân in útwiken fan 10 mm feroarsaket in skodding mei magnitude 4. Sadwaande koe Richter ferskate ierdskoddings mei inoar fergelykje. Korreksjes wurde tapast om de ynfloed fan de ôfstân tusken it episintrum en it seismysk stasjon yn rekkening te bringen. Hoe fierder fan it episintrum ôf hoe mear de trillingsamplitude fan de seismyske weagen ôfnimme.

In ierdskodding mei in magnitude fan 2 op normale djipte kin ûnder optimale omstannichheden noch net field wurde. De ierdskoddings yn it noarden fan Nederlân lizze yn de regel tichter oan it ierdoerflak (oant maksimaal 3 kilometer djip) en kinne by in magnitude fan 1,2 al field wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]