Johannes Phocylides Holwarda

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Johannes Phocylides Holwarda (Jan Fokkesz, Jan Fokker, Johann Holwarda, Johannes Fokkes Holwarda, Jan Fokkens Holwarda, Jan Fokkes van Holwerd), (Holwert, 22 jannewaris 1618 - Frjentsjer, 1651) wie in Frysk astronoom, dokter en filosoof. Hy wie professer yn de logika (1639) en filosofy (1647) oan de Universiteit fan Frjentsjer fan 1639 oant 1651.[1]

Holwerda is it meast bekend wurden troch syn ûntdekking fan it ferskil yn helderens fan de stjer Mira (stjerrebyld Omicron Ceti/Walfisk). Yn in systematyske stúdzje, yn 1638, liet er sjen dat Mira ferdwûn en opnij ferskynde yn in 330 dagen duorjende siklus.[2][3]

Hy wie fierders in 'fylosofysk atomist '(“atomisme”) en bestrider fan 'aristotelisten'. Yn it postúm publisearre Philosophia Naturalis, seu Physica Vetus-Nova (1651), definiearret er matearje en foarm: matearje is in gruttens en ferdield yn atomen, wylst foarm in weefsel fan atomen is. Neffens Phocylides besteane lichems út atomen en focht. By atomen makke er ûnderskied tusken inkeldfâldige en gearstalde atomen; it binne fêste lichemkes dy't direkt troch God oanstjoerd wurde.[4]

De moannekrater Phocylides is nei him neamd.[5]

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Philosophia naturalis, seu physica vetus-nova, 1651
  • Elementale logicum, 1648
  • Collegium logicum disputt. XII, 1646
  • Sciagraphica logicae, 1643

Oar wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Friese sterrekonst (1652)[6]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pieter Willem van der Horst, The Sentences of Pseudo-Phocylides (Brill, 1978), 63.
  2. Holwarda, Johannes Phocylides
  3. Mira, Omicron Ceti
  4. Antonio Clericuzio, Elements, Principles and Corpuscles: A Study of Atomism and Chemistry in the Seventeeth Century (Springer, 2001), p. 187).
  5. the-moon » Phocylides
  6. Brouwer, J. H., e.o. (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Holwarda, J. P.