Matearje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Matearje of stof is de boustien dêr't de (waarnimbere) wrâld út opboud is. Neffens de natuerkunde bestiet matearje út fermionen. Dat binne partsjes dy't skaaimerke wurde troch healtsjes spin, lykas elektronen, muonen, protonen en neutronen. Krêft oerbringende partsjes (bosonen) lykas it foton en it gluon binne dus gjin matearje, hoewol't sy út enerzjy besteane en soms ek massa hawwe.

Yn de relativiteitsteory wurde massa en enerzjy oan elkoar lyksteld, om't massa yn enerzjy omsetten wurde kin (annihilaty) en enerzjy oarsom yn massa. It binne útwiskelbere ienheden.

De filosofyske streaming dy't de wurklikheid meastentiids of allinnich beskôget as besteande út matearje wurdt it materialisme neamd.

Matearje kin diverske foarmen oannimme, ôfhinklik fan temperatuer en druk:

De saneamde "klassifikaasje fan matearje":

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Matearje hat yn de skiednis net altyd op deselde wize ynterpretearre west. In earste omskriuwing (4e ieu f. Kr.) wie fan de Grykske filosoof Demokritus; hy sei: "...alle stoffen binne opboud út lytse stive boltsjes..."'. Hy neamde dy boltsjes atomen (yn de betsjutting fan net-dielber).
In oare Grykske filosoof Aristoteles hat de opfetting fan Demokritus folslein los litten en stapte oer op de opfetting fan Empedokles. Hy stelde dat alle stoffen út fjouwer eleminten opboud binne, ierde (droech en kâld), wetter (wiet en kâld), lucht (wiet en waarm) en fjoer (droech en waarm).

Yn de 17e ieu doare Robert Boyle de opfettings fan Aristoteles yn twifel te lûken. Hy grypte tebek nei it dieltsjes- of partsjesmodel fan de matearje en ferkundige de oertsjûging dat alle matearje út dieltsjes bestean, dy't harren mei elkoar ta molekulen ferbine. Mei dizze teory kinne folle mear ferklearrings jûn wurde wêrtroch dizze teory algemien oanfurdige wurdt.

Nije ûntdekkings hawwe dizze opfetting net mear wankelje litte kinnen. Der kaam lykwols wol in ferplichting om de ferskillende boustiennen fan de stof te ûnderskieden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Matter – foto, fideo en harktriemmen