Steffen Bartstra

Ut Wikipedy
Steffen Bartstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Steffen Bartstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 febrewaris 1861
berteplak Warkum
stoarn 28 augustus 1945
stjerplak Haarlim
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt predikant
aktyf as skriuwer
jierren aktyf 18861926
bekendste
  wurk(en)
Heer Jancko Douwama van
   Oldeboorn

Steffen Bartstra (Warkum, 19 febrewaris 1861 - Haarlem, 28 augustus 1945) wie in Nederlânsk-herfoarme dûmny yn it Noard-Hollânske Heemstede.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bartstra waard berne yn Warkum, as de soan fan Douwe Bartstra en Akke Faber. Hy stie as predikant yn Westerbork (1886), Oldehove (1888) en Wytmarsum (1890). Yn 1890 stoar syn earste frou Leonarda Catharina Zuidema, dêr't er sûnt 1886 mei troud wie; de lettere skriuwer Jan Steffen Bartstra wie harren soan.[1] Bartstra wertroude yn 1892 mei Geertruida Beckering Vinckers,[2] beslette om nei de East te gean en fêstige him dêr as predikant yn 1892. Letter remigrearre er nei Nederlân waard er yn 1911 predikant te De Rijp en letter yn Geertruidenberch en Zwartewaal. Op 5 septimber 1926 gong er mei emeritaat.[3]

Hy skreau yn de earste jierren fan de Twadde Wrâldkriich in roman oer de Fryske rebel (of frijheidsstrider) Jancko Douwama dy't him fersette tsjin de Saksen en dit mei finzenskip bekeapje moast. Hy stjoerde syn manuskript nei de nasjonaalsosjalistyske útjouwerij De Schouw, dy't it manuskript graach útjaan woe mar it te tsjok fûn. Dêrom frege De Schouw oan J.K. Feijlbrief (better bekend ûnder syn skriuwerspseudonym J. van Oudshoorn) om de 600 siden fan it manuskript fannijs te skriuwen en yn te koartsjen. It slagge Feijlbrief it wurk te beheinen ta 262 siden, wêrnei't de roman ûnder de titel Heer Jancko Douwama van Oldeboorn yn 1943 it ljocht seach.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. M.Th. Uit den Bogaard, 'Bartstra, Jan Steffen (1887-1962)', yn Biografisch Woordenboek van Nederland. (rieplachte 3 july 2009)
  2. [1] Stamboom Mobach/de Waij » Geertruida Beckering Vinckers, G. de Jong (3 july 2009)
  3. [2] De schoolmeesters van Workum in de loop der tijden. p. 6, Fryske Akademy, (3 july 2009)
  • Pieter Jan Verstraete, "Steffen Bartstra: de vergeten Friese schrijver". De Nederlanden 'extra muros': jaarboek vol. 27 (2005), sd. 131-138.