Knut Hamsun

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Knut Hamsun 1890
De 14 jierige Hamsun yn Tranøy.
Knut en Marie Hamsun, 1909

Knut Pedersen (Lom (Oppland), 4 augustus 1859Nørholm by Grimstad, 19 febrewaris 1952), better bekend ûnder it pseudonym Knut Hamsun, wie in Noarsk romanskriuwer. Isaac Bashevis Singer beskôge him as de "heit fan de moderne literatuer", en Kening Haakon neamde him de siel fan Noarwegen,

Yn syn wurk wurdt de ferbûnens fan de minske mei de ierde ferhearlike. Knut Hamsun yn in yntervieuw yn 1910: 'Ik bin woartele yn de ierde en it bosk. Yn de stêd haw ik in keunstmjittich libben, mei kafees en allerhanne yntellektuele ûnsin. Mar ik bin fuortkommen út de ierde. En men moat der net samar fan útgean dat ik allinnich mar dichtsje en fantasearje at ik der oer skriuw.

De haadfigueren yn syn wurk binne faak outsiders, swalkers yn in persoanlike krisisperoade, dy't harren ydentiteit lykje te sykjen en oaren net sjen litte kinne of wolle wa't hja krekt binne. Dochs kringe se harren yn lytse mienskippen.

Hamsun troude yn 1898 mei Bergljot Goepfert, mar hja binne yn 1906 út elkoar gien. Yn 1908 moete er de 23 jier jongere aktrise Marie Andersen dy't har hiele libben by him bleaun is nettsjinsteande swierrichheden troch Hamsun syn affaires. Hja hat twa dielen memoires skreaun oer har libben mei Hamsun.

Yn 1920 ûntfong Hamsun de Nobelpriis foar de Literatuer foar syn monumintale wurk "Hoe't it waakste", yn it Noarsk: Markens Grøde

Polityke foarkar[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Twadde Wrâldkriich stipe Hamsun it pro-nazi regear fan Vidkun Quisling, wat syn reputaasje gjin goed die. Hy moete Joseph Goebbels yn 1943 en joech him syn by de Nobelpris hearrende medalje. Yn in besite oan Adolf Hitler, fersocht er him om Josef Terboven te ferfangen as Noarske Reichskommissar.

Nei de oarloch waard Hamsun in skoft opnaam yn in psychiatryske klinyk om te ûndersykjen oft er net in psychyske sykte hie. Yn febrewaris 1946 konkludearren Gabriel Langfeldt, psychiater, en Ørnulv Ødegård, haadarts, dat Hamsun 'bliuwende ferswakke mentale fermogens' hie. Op basis dêrfan is er doe fierders net ferfolge mar yn 1948 feroardiele ta in boete fan 325.000 Noarske kroanen fanwegen kollaboraasje. Yn heger berop waard dat net oars.

De ynfloed fan Hamsun[bewurkje seksje | edit source]

De ynfloed fan Hamsun op de wrâldliteratuer is enoarm west, te fergelykjen mei dy fan 19e ieuske literêre grutheden as Fjodor Dostojewski en Henrik Ibsen. Gruttte 20e ieuske skriuwers namen him as wichtich foarbyld, sa as James Joyce (stream of conciousness), Thomas Mann, Franz Kafka, France, Ernest Hemmingway, Miller en Hermann Hesse. Benammen syn iere wurk docht noch hieltyd tige modern oan en wie yn dy tiid sûnder presedint. Guon neame Hamsun de earste moderne skriuwer. Syn ynfloed lit him noch hieltyd jilde oant no ta, it dúdlikst yn Skandinaavje, bygelyks by Christensen en Per Olov Enquist. Yn Noarwegen bestiet noch in libbene 'Hamsun-beweging'. Syn hûndertfyftichste bertedei yn 2009 hat in protte omtinken krige.

Bekend wurk[bewurkje seksje | edit source]

Yn it Nederlânsk oerset[bewurkje seksje | edit source]

  • Honger (1890)
  • Mysteriën (1892)
  • Pan (1894)
  • Victoria (1898)
  • Hoe het groeide (1917)
  • De zwerver - Trilogy: Onder herfststerren/Con Sordino/De laatste vreugde
  • De ring gesloten (1936)
  • Langs overwoekerde paden (1949), autobiografysk

Yn it Frysk oerset[bewurkje seksje | edit source]

  • Pan, oerset troch Janneke Spoelstra (2000).
  • Tramkondukteur yn Chicago en oare ferhalen, oerset troch Sybe Krol (1983)

Films[bewurkje seksje | edit source]

It boek Mystearjes foarme de basis fan in film út 1978 (troch it Nederlânske filmbedriuw Sigma Pictures), fan Paul de Lussanet, mei Sylvia Kristel, Rutger Hauer, Andrea Ferreol en Rita Tushingham yn de haadrollen.

Pan wie de basis foar in Deenske film út 1995, regissearre troch Henning Carlsen.

De biografyske film Hamsun kaam út yn 1996, regissearre fan Jan Troell, mei Max von Sydow as Hamsun.

Literatuer oer Hamsun[bewurkje seksje | edit source]

  • Ferguson, Robert. Enigma: The Life of Knut Hamsun Farrar, Straus and Giroux, New York: 1987. ISBN 0-374-52093-3
  • Jørgen Haugan. The Fall of the Sun God. Knut Hamsun - a Literary Biography (Aschehoug Non-Fiction. Oslo, 2004)
  • Humpal, Martin. The Roots of Modernist Narrative: Knut Hamsun's Novels Hunger, Mysteries and Pan International Specialized Book Services. 1999 ISBN 82-560-1178-5
  • Kolloen, Ingar Sletten. Svermeren 2003 Biography
  • Kolloen, Ingar Sletten. Erobreren 2004 Biography
  • Kolloen, Ingar Sletten. Knut Hamsun: Dreamer and Dissident , Yale University Press 2009. ISBN 978-0-300-12356-2

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]