Rutger Hauer
Rutger Oelsen Hauer (Breukelen, 23 jannewaris 1944) is in Nederlânsk akteur dy't sûnt de jierren tachtich benammen yn de Feriene Steaten wurket. Foar syn rol yn Blade Runner waard hy nominearre foar in Academy Award. Ta de haadprizen dy't er wûn hearre in Golden Globe, twa Gouden Keallen en in Rembrandt Award.
Hauer is in soan fan de akteurs Arend Hauer en Teunke Mellema (1906-1979). Doe't Hauer de Amsterdamske Toanielskoalle dien hie yn 1967 spile er in skoft by de Noarder Kompanjy út Drachten yn ferskate stikken, dêr wiene Shakespeare's Richard III, John Steinbeck's Of Mice and Men, Joost van den Vondel's Joseph in Dothan, en Max Frisch' Biedermann und die Brandstifter by.
Yn 1969 waard Hauer yn it hiele lân bekend mei de haadrol yn de televyzjesearje Floaris, in avontoererige dy't him yn de Midsieuwen ôfspile. Yn dizze tolfdielige searje fan regisseur Paul Verhoeven spile Hauer ridder Floaris fan Rosemondt.
Yn 1973 krige er as filmakteur ynternasjonale bekendheid troch syn haadrol yn Turks Fruit, (nei it boek fan Jan Wolkers). It levere him syn earste byrol op yn in Ingelsktalige film, The Wilby Conspiracy út 1975, mei Sidney Poitier en Michael Caine. Yn de jierren tachtich wie er ek te sjen yn Ingelân yn in rige reklamespots foar Guinness.
Nei 1990 begûn Hauer hieltyd mear yn B-films en tf-searjes te spyljen. Hy wie foaral te sjen yn aksje-, horror- en sciencefictionfilms mei in relatyf leech budget, trochstrings yn de rol fan in minnen-ien.
Yn it nije millennium begon Hauer oan in comeback nei de A-film.
Hauer boaske syn twadde frou Ineke yn 1985 (sy wiene al by elkoar sûnt 1968). Hauer hat ien dochter, aktrise Aysha Hauer, berne yn 1966 en hy is pake wurden yn 1988.
Ynhâld |
Filmografy [bewurkje seksje]
- Oogverblindend (2009) - Cyrus Frisch
- The Prince of Motor City (2008, televyzjefilm) - ...
- The Rhapsody (2008) - ...
- Bride Flight (2008) - Frank
- Spoon (2008) - Victor Spoon
- Magic Flute Diaries (2008) - Dr. Richard Nagel
- Starting Over (Tf-film, 2007) - Peter Rossen
- Moving McAllister (2007) - McAllister
- 7eventy 5ive (2007) - Detective Criton
- Goal II: Living the Dream (2007) - Rudi Van Der Merwe
- The Hunt for Eagle One: Crash Point (dvd, 2006) - Gen. Frank Lewis
- Mentor (2006) - Sanford Pollard
- Minotaur (2006) - Cyrnan
- Crusade of Vengeance (dvd, 2006) - Grekkor
- The Hunt for Eagle One (dvd, 2006) - Gen. Frank Lewis
- The Poseidon Adventure (Televyzjefilm, 2005) - Biskop August Schmitt
- Mirror Wars: Reflection One (2005) - The Boss
- Dracula III: Legacy (dvd, 2005) - Dracula
- Batman Begins (2005) - Earle
- Sin City (2005) - Kardinaal Roark
- Never Enough (2004) - Sebastian
- 'Salem's Lot (Tillefyzjefilm, 2004) - Kurt Barlow
- Tempesta (2004) - Van Beuningen
- In the Shadow of the Cobra (2004) - Gallo
- Smallville tf-searje - Morgan Edge (Ofl., Phoenix, 2003|Exile, 2003)
- Alias tv-searje - Anthony Geiger (ôfl., Phase One, 2003)
- Confessions of a Dangerous Mind (2002) - Keeler
- Warrior Angels (2002) - Grekkor
- Scorcher (2002) - President Nelson
- The God's Bankers (2002) - Kardinaal Marcinkus
- Flying Virus (2001) - Ezekial
- Turbulence 3: Heavy Metal (Fideo, 2001) - Ko-piloat MacIntosh
- Jungle Juice (2001) - Jean-Luc
- The Last Words of Dutch Schultz (2001) - Arthur 'Dutch Schultz' Flegenheimer (Stem)
- The Room (2001) - Harry
- Wilder (2000) - Dr. Sam Dennis Charney
- The 10th Kingdom (Mini-rige, 2000) - Huntsman
- Partners in Crime (2000) - Gene Reardon
- Lying in Wait (2000) - Keith Miller
- New World Disorder (1999) - David Marx
- Simon Magus (1999) - Graaf Albrecht
- Bone Daddy (1998) - William H. Palmer
- Merlin (tf-film, 1998) - Kening Vortigern
- Tactical Assault (1998) - Capt. John 'Doc' Holiday
- The Ruby Ring (tf-film, 1997) - Patrick Collins
- Deathline (1997) - John Anderson Wade
- Lexx: The Dark Zone tv-searje - Bog (ôfl., Eating Pattern, 1997)
- Bleeders (1997) - Dr. Marlowe
- Hostile Waters (tv-film, 1997) - Capt. Britanov
- The Call of the Wild: Dog of the Yukon (tv-film, 1997) - John Thornton
- Lexx: The Dark Zone (Mini-rige, 1997) - Bog
- Omega Doom (1997) - Omega Doom
- Blast (1997) - Leo
- Knockin' on Heaven's Door (1997) - Curtiz
- Precious Find (1996) - Armond Crille
- Mr. Stitch (tf-film, 1996) - Dr. Rue Wakeman
- Mariette in Ecstasy (1996) - Kapelaan
- Crossworlds (1996) - A.T.
- Blood of the Innocent (1995) - Dr. Lem
- Fatherland (tv-film, 1994) - SS-Sturmbannführer Xavier March
- The Beans of Egypt, Maine (1994) - Reuben Bean
- Nostradamus (1994) - The Mystic Monk
- Amelia Earhart: The Final Flight (tv-film, 1994) - Fred Noonan
- Surviving the Game (1994) - Thomas Burns
- Voyage (tv-film, 1993) - Morgan Norvell
- Blind Side (tv-film, 1993) - Jake Shell
- Arctic Blue (1993) - Ben Corbett
- Buffy the Vampire Slayer (1992) - Lothos
- Split Second (1992) - Harley Stone
- Past Midnight (1992) - Ben Jordan
- Beyond Justice (1992) - Tom Burton
- Wedlock (tf-film, 1991) - Frank Warren
- Bloodhounds of Broadway (1989) - The Brain
- The Blood of Heroes (1989) - Sallow
- As Long as It's Love (1989) - John Knott
- Blind Fury (1989) - Nick Parker
- The Edge (tv-film, 1989) - Rol ûnbekend
- The Law of the Desert (Mini-rige, 1989) - Tom Burton
- The Legend of the Holy Drinker (1988) - Andreas Kartak
- Salute Of The Jugger (1988)
- Escape from Sobibor (tv-film, 1987) - Alexander 'Sasha' Pechersky
- Wanted: Dead or Alive (1987) - Nick Randall
- The Hitcher (1986) - John Ryder
- Flesh & Blood (1985) - Martin
- Ladyhawke (1985) - Captain Etienne Navarre
- Eureka (1984) - Claude Malliot Van Horn
- A Breed Apart (1984) - Jim Malden
- The Osterman Weekend (1983) - John Tanner
- Blade Runner (1982) - Roy Batty
- Inside the Third Reich (tv-film, 1982) - Albert Speer
- Chanel Solitaire (1981) - Etienne de Balsan
- Nighthawks (1981) - Reinhardt Heimar Wulfgar
- Spetters (1980) - Gerrit Witkamp
- Duel in de diepte (tv-searje, 1979) - John van der Velde
- Grijpstra & De Gier (1979) - Rinus de Gier
- Een vrouw tussen hond en wolf (1979) - Adriaan
- Es begann bei Tiffany (tv-film, 1979) - Ryder
- Pastorale 1943 (1978) - August Schultz
- Mysteries (1978) - Johan Nagel
- Soldaat van Oranje (1977) - Erik Lanshof
- Max Havelaar of de koffieveilingen der Nederlandsche handelsmaatschappij (1976) - Duclari
- Het jaar van de kreeft (1975) - Pierre
- Das Amulett des Todes (1975) - Cris
- Keetje Tippel (1975) - Hugo
- The Wilby Conspiracy (1975) - Blane Van Niekirk
- La donneuse (1975) - Rol ûnbekend
- Floris von Rosemund tv-searje - Floris von Rosemund (1975)
- Pusteblume (1974) - Rick
- Turks Swiet (1973) - Erik Vonk
- Repelsteeltje (1973) - De kening
- Waaldrecht tf-searje - Rogier de Jonge (ôfl., Taxi Meneer?, 1973)
- The Pathfinders tv-searje - Pieter Van Pearsen (ôfl., Sitting Ducks, 1972)
- Floris (televyzje) tv-searje - Floris van Rozenmond (12 ôfl., 1969)
- Monsieur Hawarden (1969) - Rol ûnbekend (sênes fuorthelle)
Ferskaat [bewurkje seksje]
- Yn 2004 einige er op nr. 92 by de ferkiezing fan de Grutste Nederlânner.
- Mei de The Rutger Hauer Starfish Association krewearret Hauer him foar it lot fan mei Hiv besmette bern en swiere froulju.[1] Teffens stipet Hauer Sea Shepherd en sit er yn de "Board of Advisors" fan dy organisaasje.
- Hauer wennet offisjeel yn Hollywood (FS), mar hat ek altyd in went yn Fryslân oanholden, nammentlik in eardere pleats yn Beetstersweach.
- Yn april 2007 ferskynde syn autobiografy All Those Moments: Stories of Heroes, Villains, Replicants, and Blade Runners (co-skriuwer Patrick Quinlan) dêr't er in protte syn filmrollen yn besprekt.[2] Alles wat boek opsmyt giet nei Hauer's Starfish Foundation.
- Septimber 2009 krige Hauer 'de Gratama', de nei Rients Gratama neamde kultuerpriis fan de gemeente Smellingerlân. De priis wurdt útrikt oan minsken dy't harren 'bûtengewoan fertsjinstlik makke hawwe op kultureel-maatskiplik mêd yn Fryslân'.[3]
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- Offisjeel webstee
- (nl) Rutger Hauer by Hollands Film Glorie
- (nl) NPS dokumentêre oer akteur Rutger Hauer
- (in) Filmfoto's fan Rutger Hauer
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rutger Hauer fan Wikimedia Commons. |