Monique van de Ven
Monica Maria Theresia van de Ven (Zeeland (Noard-Brabân), 28 july 1952) is ien fan de bekendste Nederlânske filmaktrises fan de jierren santich, 80 en 90 fan de 20e ieu. Se is ek te sjen op de televyzje en yn de reklamespotsjes fan FBTO.
Monique van de Ven waard berne yn it Brabânske Zeeland en groeide op in Rijswijk. Se folge ien jier de Toanielskoalle yn Maastricht en waard dêr yn 1971 wweihelle foar har filmdebút yn Turks Fruit.
Van de Ven woe 17 jier troud mei kameraman Jan de Bont, mei wa't se fanôf midden jierren santich oant 1987 yn Los Angeles wenne. Se is letter troud mei akteur/senarioskriuwer Edwin de Vries, dy't se moete by de opnames foar Een Maand Later (1987).
Hja krige twarres in Gouden Keal. Yn 1985 foar har hiel oeuvre en tsien jier letter foar har optreden yn de film Romeo. Yn 1999 waard se útroppen ta Nederlânsk aktrise fan de ieu.
Mei de ferfilming fan it boek Zomerhitte fan Jan Wolkers makket se yn it foarjer fan 2008 har grutte regydebút. Al hie se yn 1996 wol in koarte film regissearre; Mama's Proefkonijn.
Bûten aktrise is Monique van de Ven sûnt 1996 ambassadeur foar Unicef Nederlân.
Yn 1993 krige Monique in soan, Sammie.
Filmografy [bewurkje seksje]
- Turks fruit (1973) - Olga Stapels
- Dakota (1974) - Claudia
- Verloren maandag (1974) - Linda
- De wolvenman (Mini-searje, 1974) - Gerrie de Haas
- Keetje Tippel (1975) - Keetje Tippel
- De laatste trein (1975) - Loesje
- Anita Drogemöller und die Ruhe an der Ruhr (Televyzjefilm, 1976) - Anita Drogemöller
- Sil de strandjutter (Mini-searje, 1976) - Lobke
- Dokter Vlimmen (1977) - Leonieke
- Dag dokter (1978) - Ingrid Sanders
- Stunt Rock (1978) - Rol ûnbekend
- Starsky and Hutch Televyzjesearje - Anna Akhanatova (ôfl., A Body Worth Guarding, 1978)
- Een vrouw als Eva (1979) - Eve
- Uit elkaar (1979) - Linda
- Hoge hakken, echte liefde (1981) - Jenny Vreugdehil
- Breach of Contract (1982) - Rol ûnbekend
- Ademloos (1982) - Anneke
- Brandende liefde (1983) - Anna
- Dixie: Changing Habits (Televyzjefilm, 1983) - Sherry Bouvais
- Voyagers! Televyzjesearje - Erika Schoemacher (ôfl., Pursuit, 1983)
- Wizards and Warriors Televyzjesearje - Talia (ôfl., Dungeon of Death, 1983)
- Remington Steele Televyzjesearje - Mary Howell Dannon (ôfl., Altered Steele, 1983)
- De schorpioen (1984) - Anna
- De Oanslach (1986) - Saskia de Graaff/Truus Coster
- Een maand later (1987) - Monika
- Tonight's the Night (Televyzjefilm, 1987) - Rol ûnbekend
- Iris (1987) - Iris
- Amsterdamned (1988) - Laura
- Paint It Black (1989) - Kyla Leif
- De Kassière (1989) - Baakster Conny
- Romeo (1990) - Anne Herden
- The Man Inside (1990) - Tina Walraff
- Eline Vere (1991) - Betsy van Raat
- Iris Televyzjesearje - Iris de Weerdt (1992)
- De Johnsons (1992) - Victoria Lucas
- Lang leve de koningin (1995) - Wite keninginne
- Toy story (1995) - Bo Peep
- Eine kleine Nachtmerrie Televyzjesearje - Rol ûnbekend (1996)
- Windkracht 10 Televyzjesearje - Frederica 'Fred' Beekman (ôfl. ûnbekend, 1997)
- Zeeuws meisje Televyzjesearje - Augurken-commercial dame (1998)
- De bovenman (2001) - Iet
- The Discovery of Heaven (2001) - Ada's ferpleechster
- Amazones (2004) - Kers
- Divina Gloria (Televyzjefilm, 2006) - Rol ûnbekend
- Spangen Televyzjesearje - Sylvia Richter (1999-2006)
- Zadelpijn (Televyzjefilm, 2007) - An
- Dokter Deen, (televyzjerige, 2012) - dokter Maria Deen
Regy [bewurkje seksje]
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Monique van de Ven fan Wikimedia Commons. |