Los Angeles

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Los Angeles
New LA Infobox Pic Montage 5.jpg
Flagge Wapen
Flag of Los Angeles, California.svg Seal of Los Angeles, California.svg
Sifers
Ynwennertal 3.857.799 (2012)
Oerflak 1.302 km² (ynkl. wetter)
1.214 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 3.176 / km²
Stêdekloft 12.828.837 (2012)
Hichte 71 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of California.svg Kalifornje
County Flag of Los Angeles County, California.png Los Angeles County
Oar
Stifting 1781
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 34°03′N 118°15′W
Webside www.lacity.org
Pak fan Los Angeles yn 'e steat Kalifornje.
De skyline fan Los Angeles.
It saneamde Finansjele Distrikt fan Los Angeles.
It Dodgerstadium, thúshaven fan 'e honkbalploech de Los Angeles Dodgers.

Los Angeles, ek bekend as L.A. en offisjeel de City of Los Angeles, is de grutste stêd fan 'e steat Kalifornje en fan de hiele Amerikaanske westkust. De oarspronklike namme wie yn it Spaansk folút: El Pueblo de Nuestra Señora la Reina de los Ángeles del Río de Porciúncula, wat "De Stêd fan Us Leave Frouwe de Keninginne fan de Ingels fan de Rivier de Porciúncula" betsjut. Los Angeles hat, krekt as hiel súdlik Kalifornje, in sêft klimaat mei in soad sinne, ek winterdeis.

Geografy en befolkingsgrutte[bewurkje seksje | edit source]

Los Angeles is de op ien nei grutste stêd fan 'e Feriene Steaten (nei New York), mei in befolking dy't yn 2012 krapoan 3,9 miljoen minsken bedroech. De stêdekloft dêr't Los Angeles ta heart, telt lykwols rom 12,8 miljoen ynwenners; dêr wurde ek stêden ta rekkene as Long Beach, Anaheim, Santa Ana, Irvine, Orange, Huntington Beach, Newport Beach, Beverly Hills, Pomona, Pasadena, Santa Monica en Malibu. Grut-Los Angeles is noch wer grutter, mei in befolking fan hast 18 miljoen minsken, en omfiemet ek fierder fuort leine stêden as San Bernardino, Riverside en Ventura. Los Angeles is fierders it haadplak fan Los Angeles County, de tichtstbefolke county fan 'e Feriene Steaten, en dy mei it grutste etnysk en ekonomysk ferskaat ûnder syn befolking.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Los Angeles waard stifte op 4 septimber 1781, troch Felipe de Neve, de Spaanske gûverneur fan wat doe de koloanje Nij-Spanje wie. It hie doedestiden 44 ynwenners. Nei de Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch kaam it yn 1821 by Meksiko te hearren, en dat bleau sa oant Los Angeles, mei de rest fan wat no de Amerikaanske steat Kalifornje is, yn 1848 troch de Feriene Steaten oankocht waard ûnder it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo. Yn 1850 krige Los Angeles de status fan gemeente, en tsjin 1900 wie de befolking oanwoeksen ta goed 100.000. Yn it earste desennium fan 'e tweintichste ieu anneksearre Los Angeles de krite dy't bekend stie as Hollywood, en doe't dat him frijwol yn dyselde snuorje begûn te ûntjaan ta it mekka fan 'e nije filmyndustry, sette de ûnbidige groei fan 'e stêd útein. Tsjin 1921 waard mear as 80% fan alle films yn 'e wrâld yn Hollywood makke. Yn 1930 berikte Los Angeles it oantal fan 1 miljoen ynwenners. Mar nei de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch begûn de stêd hurder te groeien as ea tefoaren. Underwilens hat Los Angeles al twaris de Olympyske Simmerspullen fersoargje meien, yn 1932 en yn 1984 (al waard de twadde kear wat bedoarn troch in grutskalige boykot troch kommunistyske lannen).

Tsjintwurdich is Los Angeles útgroeid ta in wrâldstêd dy't in sintrum wurden is fan yndustry, ynternasjonale hannel, amusemint, kultuer, media, moade, wittenskip en wittenskiplik ûndersyk, sport, technology, ûnderwiis en sûnenssoarch. As men sjocht nei hoefolle jild oft der fertsjinne wurdt, stiet Los Angeles kwa stêden wrâldwiid op it trêde plak, nei New York en Tokio. Mei Hollywood is Los Angeles boppedat noch altyd de wrâldlieder op it mêd fan 'e filmyndustry, mar ek wat de produksje fan tillevyzjeprogramma's, fideospultsjes en muzykopnames oangiet. Yn 2002 besochten Hollywood en de San Fernandofallei har fan Los Angeles ôf te skieden, mar by in referindum ferwiisden de kiezers dat útstel nei de kladdekoer.

Toerisme[bewurkje seksje | edit source]

Los Angeles is ek ien fan 'e grutte toeristyske trekpleisters fan 'e Feriene Steaten, net yn it lêste plak fanwegen de fimyndustry yn Hollywood, mei it Hollywood Sign (sjoch it ûnderste part fan 'e fotokollaazje yn 'e ynfoboks), de stjerren yn it trotwaar op Hollywood Boulevard, en de Universal Studios. Ek it oarsponklike Disneyland, dêr't alle oare Disneyparken fan ôflaat binne, leit net fier fan Los Angeles ôf. Oare wichtige toeristyske attraksjes binne it Griffith Observatoarium, it Los Angeles County Museum of Art, Grauman's Chinese Theatre, it Dodgerstadium en it strân fan Venice Beach.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

De ynwenners fan Los Angeles wurde Anzjelenen neamd. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Santa Ana 10,5% âlder as 65 jier en 23,1% jonger as 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy bestie yn 2010 út 48,5% Latino's, 28,7% blanken, 9,6% swarten, en 11,3% út Aziaten, mei lytse groepkes oaren (Yndianen 0,7%; Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs 0,1%).

Ferneamde ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Los Angeles[bewurkje seksje | edit source]


Stoarn yn Los Angeles[bewurkje seksje | edit source]


Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Los Angeles hat in Mediterraan klimaat, mei waarme simmers en tige mylde, wiete winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29,1 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 19,8 °C. Rekôrtemperatueren wiene 45 °C op 27 septimber 2010 en –4 °C op 22 desimber 1944. Los Angeles kriget jiers trochinoar 379,2 mm delslach; snie komt der net foar.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]