Sikhisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Harmandir Sahib (foarhinne: Gouden Timpel, links) is it wichtichste hillichdom foar sikhs.

It sikhisme (Pûnjaby: ਸਿੱਖੀ Sikhy) is in monoteïstyske godstsjinst dy't yn it begjin fan de 16e ieu ûntstie yn noardlik Yndia troch de earste learmaster Guru Nanak Dev. It is in apart leauwe en gjin gearfoeging fan hindoeïsme en islam, sa't wol miend wurdt. De measte oanhingers wenje yn de Yndiaaske dielsteat Pûnjab; hjir wenje sa'n 21 miljoen fan de 26 miljoen oanhingers fan it sikhisme (sikhs). Der binne ek sikhmienskippen yn Maleizje, Singapore, East-Afrika, it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten en Kanada.

It sikhisme waard ynspirearre op it ûnderwiis fan tsien goeroes: wichtige religieuze ûnderwizers en prekers. In separate en progressive religy mei as basisgedachten ien God, gelykheid, rjochtfeardichheid en frijheid foar eltsenien. Dizze religy docht in berop op syn folgelingen om in libben fan dissipline, hurd wurkje, woldiedichheid en meditaasje te lieden. Se akseptearret it bestean fan alle leauwen en tolerearret gjin befoaroardieling of ûnderdrukking op basis fan godstsjinst, kaste, kleur, leauwensbelidenis, ras en/of sekse.

De doktrines binne fêstlein yn de Goeroe Grant Sahib, it hillige boek foar sikhs. De stichter en de earste goeroe wie Goeroe Nanak (1469–1539). Goeroe Nanak stichte dit leauwe yn de 15de ieu mei syn ideology fan "Alle minsken binne lyk, foarmje in ûnderdiel fan it Godlike ljocht en inne de alderheechste (spirituele) steat berikke troch gear te ranen ofwol op te gean yn dy IENE Almachtige God".

It wurd sikh is ôflaat fan it sikkha ú8t Pāli of śiṣya út it Sanskryt; beide betsjutte se dissipel. De betsjutting hâldt ferbân mei it feit dat sikhs dissipels binne fan de tsien goeroes.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: