Jerevan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jerevan
Երևան
Jerevan yn 'e winter mei de beide Ararats op'e eftergrûn
Jerevan yn 'e winter mei de beide Ararats op'e eftergrûn
Sifers
Ynwennertal 1.111.300 (2009)
Oerflak 227 km²
Befolkingstichtens 4.896 / km²
Stêdekloft 1.245.700
Hichte 989 m
Polityk
Lân Armeenje
Oar
Stifting 782 f. Kr.
Tiidsône GMT+4 (UTC+4)
*Simmertiid GMT+5 (UTC+5)
Webside (in) www.yerevan.am


Jerevan (Armeensk: Երեվան of Երևան) is de haadstêd fan Armeenje. Faak wurdt de namme ek skreaun as Erevan, yn earder tiden ek Erivan en Erebuny neamd. Mei sa'n 1,09 miljoen ynwenners is Jerevan de grutste stêd fan Armeenje. De stêd leit oan de rivier de Hrazdan.

It haadpostkantoar

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Jerevan is ien fan de âldste stêden op ierde. Argeologysk bewiis toant nammentlik oan dat op it stee fan it hjoeddeiske Jerevan al yn 782 f.Kr. in militêre fersterking troch kening Argistis I boud wurden is. Dy fersterking moast oanfallen fan barbaren út it noarden fan de Kaukasus tsjinhâlde. Letter wie Jerevan fan strategysk belang as in krúspunt fan karevaanrûtes tusken Jeropa en Aazje. De namme Jerevan waard yn de 7e ieu brûkt as de haadstêd fan Armeenje ûnder Persysk gesach. Ek Azerbeidzjan en de Ottomanen hawwe, lykas de Romeinen de stêd binnen harren lânsgrinzen hân. Yn 1827 wurdt Jerevan Russysk grûngebiet. Fan 1917 oant 1920 hat de stêd de funksje fan haadstêd fan in ûnôfhinklik Armeenje, dochs it lân wurdt opslokt troch de Sowjetuny en Jerevan wurdt de haadstêd fan de Sosjalistyke Republyk Armeenje, ien fan de 15 republiken fan de USSR. Yn 1991, nei it útienfallen fan de Sowjetuny, wurdt Jerevan wer haadstêd fan in frij Armeenje.

De jierren njoggentich fan de foarige ieu hawwe net folle rêst yn Jerevan brocht. Ien fan de ynsidinten: yn oktober 1999 wurde yn it Armeenske parlemint de foarste minister Vazgen Sarkissian, de foarsitter Karen Demirtsjan en seis oaren fermoarde, sa'n 50 ôffurdigen wurde in nacht as gizelers fêsthâlden. De dieders jouwe harren de oare moarns oer, wurde ôffierd nei in finzenis en fan harren wurdt nea wer wat fernaam.

Fan de hiele stêd út kin men de Grutte Ararat en de Lytse Ararat lizzen sjen. Hoewol't dizze bergen, dêr't neffens de Bibelske oerlevering Noach mei syn ark tsjinoan fart is, nasjonale symboalen foar Armeenje binne, lizze hja tsjintwurdich yn it Turkske territoarium. De measte gebouwen yn de stêd binne oplutsen út reade dowestien.