Misjonaris

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In misjonaris of sindeling is in persoan dy útstjoerd wurdt om in boadskip, almeast fan in religy, te ferkundigjen. De wurden misjonaris en missy binne ôflaat fan it Latynske wurd missio, dat útstjoere betsjut. Dy wurden binne sels wer ôflaat fan it Grykske wurd apostolos, boadskipper.

Yn de Kristlike tsjerke hawwe der misjonarissen sûnder tal west. Yn de Protestantske tsjerken wurdt hjirfoar it wurd sindeling brûkt. By de Roomsk-Katolike tsjerke wurdt misjonaris brûkt. De stúdzje fan de ferkundiging fan it Kristlik leauwen oan net-kristenen hiet sindingswittenskip of missiology. It Kristendom hat yn de rin fan de skiednis wichtige sindelings hân. Willibrord en Bonifatius hawwe misjonarissen west nei de Friezen.

Net alle religjes dogge likefolle oan missy. It Kristendom hat hjir yn it ferline in protte oan dien en op it stuit hawwe foaral de Mormoanen in protte misjonarissen.