Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, is in kristlike mienskip, dêr't de leden ek wol Mormoanen fan neamd wurde. De tsjerke waard op 6 april 1830 stiften troch Joseph Smith yn de Amerikaanske steat New York.

De Sâlt-Lake-Timpel yn Sâlt Lake City

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De skiednis fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen begûn yn 1820 neidat Joseph Smith in fisioen krige dêr't er Jezus Kristus yn seach. Trije jier letter krige hy besite fan in ingel, mei de namme Morony, dy't him fertelde fan gouden platen dêr't de skiednis fan in folk yn gravearre wie dat om 600 f.Kr. fan it âlde Jeruzalim fuorttein wie en op in seker stuit yn Súd-Amearika telâne kaam. Dat ferhaal soe de oanwêzigens fan de Yndianen (of 'oarspronklike bewenners fan Amearika') ferklearje op it Amerikaansk kontinint en yn de skiednis. Troch Joseph Smith waarden dizze platen oersetten yn in boek dat de namme "It Boek fan Mormon" krige. Op basis fan dizze namme krigen de folgelingen fan Joseph Smit letter harren bynamme. De Mormoanske tsjerke waard op 6 april 1830 offisjeel organisearre.

Neidat de stifting fan Mormoanske tsjerke in feit wurden wie, hie dizze ein 1830 sa'n 280 oanhingers. Yn de jierren dy't dêrop folgen wreide dat oantal stadich út, nettsjinsteande ferfolgings dy't yn fûlens tanamen. Op 27 juny 1844 berikten dizze ferfolgings harren hichtepunt doe't Joseph Smith en syn broer Hyrum troch in woedende mannichte om hals brocht wurde.

By de Mormomen ûntstie doe in striid oer de opfolging tusken Brigham Young en Smiths soan. Dit foarfal joech oanlieding ta splitsing fan de mienskip.

Op it heden hat de Tsjerke om-ende-by 12,5 miljoen leauwigen, dêr't de helte fan yn de Feriene Steaten wennet.

Namme[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1836 wurdt troch de Mormoanen de iepenbiere namme De Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen brûkt. Troch dizze namme jouwe de Mormoanen dúdlik oan dat sy in Kristlike godstsjinst binne. It wurd "hilligen" slacht net op de Katolike betsjutting mar op it folgeling wêzen fan Kristus. "Lêste Dagen" jout oan dat de Mormoanen leauwe dat wy yn distiid yn de lêste bedeling fan it Evangeelje libje, dat wol sizze: it lêste tiidrek dêr't it Evangeelje yn al syn folheid yn ferkundige wurdt.

Skriftuer[bewurkje seksje | edit source]

De Mormoanen oanfurdigje fjouwer standertwurken as skriftuer:

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

In grut ferskil mei in protte oare tsjerken is dat de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen leauwe yn in trochgeande iepenbiering. Dizze iepenbieringen, dy't oer de hiele wrâld plak fine, kinne allinnich troch dyjinge ûntfongen wurde dy't ta de heechste hiërargy fan de tsjerke hearre. Op elts nivo kin men lykwols iepenbiering krije troch de ropping dy't men ûntfongen hat, foar de húshâlding dêr't men by heart of foar de eigen persoanlike ûntwikkeling.

De Tsjerke fan Jezus Kristus is fral bekend wurden om it grutte belang dat hechte wurdt oan famyljebannen. Sy hawwe oer de hiele wrâld in reputaasje op it mêd fan sibbekundich ûndersyk. Boppedat hawwe de Mormoanen hjoed de dei de reputaasje tige konservatyf te wêzen wat it houlik en famyljelibben oanbelanget; omdat lykwols de helte fan de leden tsjintwurdich bûten de Feriene Steaten wennet, is dat hiel bot ôfhinklik fan de pleatslike kulturele omstannichheden.

De Tsjerke wie destiids foaroprinner yn it oprjochtsjen fan frouljusorganisaasjes oer de hiele wrâld. Noch hieltiten spylje froulju in wichtige rol yn it tsjerkebestjoer.

Yn tsjinstelling ta de measte oare Kristlike mienskippen, sjocht de Tsjerke net Israël, mar Amearika as it lân fan 'e belofte. Kristus soe hjir ferskynd wêze, neidat er yn Israël libbe hie. Trouwens, hy soe ek yn in protte oare lannen ferskynd wêze, ûnder oaren yn Japan en Grut-Brittanje. Dochs wurdt ek leaud dat Jezus werom komme sil yn Israël, krektas yn de Bibel foarsein is.

Fan 1852 ôf wie it mearfâldich houlik ûnder strange betingsten tastien: sa moast de man dy't mear as ien frou trouwe woe oantoane dat er sawol materieel as affektyf foar mear as ien frou en foar de bern dy't der komme soenen soargje koe en wie it nedich de tastimming te hawwen fan de frou mei wa't hy al troud wie. Op it hichtepunt fan dizze praktiken wie om-ende-by 3 % fan de houliken mearfâldich. Op 6 oktober 1890 waard nei lange jierren fan ferfolging troch tsjinstanners fan de Tsjerke fan Jezus Kristus de mooglikheid om meardere houliken te sluten ôfskaft en waard dizze beslissing troch elkenien stipe op in algemiene konferinsje fan de Tsjerke. Allinnich hjirtroch wie it mooglik om de besittings fan de Tsjerke fan Jezus Kristus en har leden net kwyt te reitsjen en foar te kommen dat der beslach op lein waard. Sûnt dy tiid wurdt elts lid dy't him mei polygamy ynlit út de Tsjerke setten. At no noch praat wurdt oer "Mormoanen" dy polygaam libje, dan binne dat ornaris lju dy't lid binne fan in ôfsplitsing.

Sit[bewurkje seksje | edit source]

De haadsit fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen is yn Salt Lake City (Utah).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]